Suderseepaad: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 3:
It '''Suderseepaad''' (LAW 8) is in [[lange-ôfstânskuierpaad]] om de [[Iselmar]] fan [[Inkhuzen]] nei [[Starum]], mei in lingte fan 400 kilometer. Mei help fan de [[fearpont|feartsjinst]] tusken Starum en Inkhuzen (allinnich fan april oant oktober) kin in rûnkuier makke wurde. It paad is yn beide rjochtings mei wyt-reade tekens markearre en yn in gidske beskreaun.
 
De rûte folget fan Inkhuzen oant [[Amsterdam]] fierhinne hieltiten de kust fan de Iselmar, oer [[Hoorn (Noard-Hollân)|Hoorn]], [[Volendam]] en [[Monnickendam]]. Nei Amsterdam wurdt fia [[Muiden]] en Muiderberch de kust folge oant [[Naarden]], en dan oer [[Laren (Noard-Hollân)|Laren]] nei [[Nijkerk]]. Hjirnei giet de rûte by ikkers en greiden del en troch bosk nei [[Nunspeet]] en by greiden del nei [[Elburg]] en [[Kampen]]. Fan Kampen ôf giet de rûte fia [[Genemuiden]] en [[Vollenhove]] nei Blokzijl, en troch it natoergebiet de Weerribben nei Ossenzijl en nei [[De Lemmer]]. Nei De Lemmer wurde [[Sleat (stêd)|Sleat]] en [[Balk]] oandien. Fan [[Laaksum]] ôf wurdt de kust folge, en nei it Reaklif wurdt [[Starum]] berikt.
Oanslutings op it iepenbier ferfier binne yn it westlike diel genôch foarhannen, mar yn it eastlike diel is de frekwinsje fan bustsjinsten bytiden minder grut. Stasjons binne der yn Inkhuizen, Hoorn, Amsterdam, Naarden, Nijkerk, Nunspeet, Kampen en Starum.