bs
No edit summary |
bs |
||
Rigel 1:
[[File:Alopecurus pratensis Grote vossenstaart in berm.jpg|right|thumb|120px|In berm by in fytspaad lâns.]]
In '''berm''' of '''barm''' is in smellige stripe grûn by in [[wei]] lâns, dy't yn 'e regel begroeid wurdt troch [[gers|gerzen]] en griene [[krûd (plant)|krûden]], en dy't ferskate kearen yn it groeiseizoen meand wurdt. Yn [[Fryslân]] leit oare kant de berm ornaris in [[sleat (wetter)|sleat]] of teminsten in [[greppel]], mar yn oare gebieten komme ek oare ôffredingsfoarmen foar, lykas stekken, [[houtwâl]]en, [[hage]]n en muorkes.
==Funksjes==
Berms binne fan belang yn 'e [[wegeboukunde]], om't se de eigentlike wei ûnderstypje en tsjinje kinne as reserveromte foar in eventuële weiferbreding. Dêrnjonken hawwe se [[ferkearskunde|ferkearskundige]] wearde foar it útwiken fan weibrûkers en om [[ferkearsboerd|ferkearsbuorden]] en [[beweiwizering]] te pleatsen.
Fierders kinne berms tydlik brûkt wurde foar de opslach fan in ferskaat oan materialen en dingen, wêrûnder [[sân (grûnsoarte)|sân]], [[strjitstien]]nen en oar guod foar wei-ûnderhâld, mar dêrnjonken ek foar it parkearjen fan [[auto|auto's]].
Teffens wurde yn berms ornaris keabels en liedings yngroeven foar [[elektrisiteit]]s-, [[ierdgas|gas]]- en [[wetterlieding|weter]]foarsjenning, en foar [[keabeltillefyzje]] en [[ynternet]]oanslutings. Unbedoeld foarmje berms faak ek in fruchtber, sij it soms net sa sûn [[biotoop]] foar alderhanne [[floara]] en [[fauna]].
|