Húske: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Minorax (oerlis | bydragen)
fix lint error
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Zugspitze - toilet.jpg|right|thumb|200px|In modern húske.]]
In '''húske''', '''wc''', '''toilet''' of '''gemak''' is in [[sanitêr]] ûnderdiel fan in [[gebou]], dat bedoeld is foar it opfangen en ôffieren fan in [[minske|minsklike]] [[urine]] en [[ûntlêsting]]. Yn 'e Westerske wrâld binne tsjintwurdich [[porselein]]en [[trochspielhúske]]s de noarm, wêrby't men plaknimt op it toilet, en de urine en ûntlêsting fuortspield wurde mei [[wetter]], om dan fia ôffierbuizen yn it [[rioel]] of in [[bearput]] te bedarjen. Itselde bart by [[hoksetoilet]]ten, dy't yn [[East-Aazje]] ynboargere binne, en wêrby't men net op it toilet sels sit, mar yn 'e hoksen sitten giet boppe in gat yn 'e flier. De term 'toilet' komt út it [[Frânsk]]; de namme 'wc', fan it [[Ingelsk]]e ''water closet'' ("wetterkast"), dy't yn it spraakgebrûk as [[synonym (taalkunde)|synonym]] mei 'húske' brûkt wurdt, ferwiist strikt nommen inkeld nei trochspielhúskes en net nei oare foarmen fan toiletten.
 
==Oare soarten húskes==
Rigel 10:
==Badkeamer==
Yn in protte lannen, benammen yn 'e Westerske wrâld, binne [[hûs|wenten]] tarist mei in spesjaal fertrek, in saneamde [[badkeamer]] of baaikeamer, wêryn't in húske mei in [[dûs]] en eventueel in [[bad]] kombinearre binne. Dat is oarspronklik sa groeit om't it de ôffier fan ôffalwetter ienfâldiger makket en sadwaande besparret op 'e kosten. Yn guon net-Westerske [[kultuer]]en wurdt soks as ûnsanitêr beskôge, en wurde waskjen en nei it húske gean faninoar skaat yn ferskillende fertrekken.
[[File:Toilethuisje.jpg|right|thumb|218px|In âlderwets húske boppe in [[sleat (wetter)|sleat]].]]
 
==Iepenbier húske==