Lânskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 2:
In '''lânskip''' is yn 'e [[geografy]] in útstrutsen stik [[grûn|lân]] mei dat him mei karakteristike (lânskipseigen) [[elemint]]en as in selsstannich gehiel ûnderskiedt fan oare, oanswettende gebieten. Ien fan 'e meast opfallende skaaimerken fan in lânskip is hoe't de [[natoer]] yntegrearre is yn eleminten dy't troch de [[minske]] makke binne of oarsom. As de natoer oerhearsket, sprekt men fan in [[natoer]]lânskip; as de troch de minske tafoege eleminten oerhearskje, sprekt men fan in [[kultuer]]lânskip. Yn 'e [[skilderkeunst]] is it fêstlizzen fan lânskippen ien fan 'e meast tradisjonele ûnderwerpen; [[keunstskilder]]s dy't soks by de ein hawwe, wurde [[lânskipsskilder]]s neamd.
 
Lânskippen besteane út fjouwer [[kategory]]en eleminten. Yn it foarste plak omfiemje se [[geology]]sk-[[geografy]]ske eleminten fan [[lânfoarm]]en, lykas [[berch|bergen]], [[heuvel]]s, in [[heechflakte]], [[delling]]s, [[leechlân]], [[sompe]]n en [[oerflaktewetter]]s ([[rivier]]en, [[beek|beken]], [[mar]]ren, [[poel|puollen]] en de [[see]]). Dêropta omfetsje se ek ([[natuer]]like) [[planten|plantegroei]] lykas [[beam]]men (soms yn 'e foarm fan [[wâld]]en), [[strewelleguod]], [[gers|gerzen]], [[krûd (plant)|krûden]] en [[blom]]men. Fierders binne der troch de [[minske]] tafoege eleminten, lykas [[wegen]], [[hûs (wenning)|huzen]], [[pleats]]en en oare [[gebou]]wen, [[mûne]]n, [[skip]]pen, [[stek (ôffreding)|stekken]], oanplante begroeiïng lykas [[hage]]n, útgroeven [[oerflaktewetter]]s lykas [[kanaal (wetterwei)|kanalen]], [[opfeart|fearten]] en [[sleat (wetter)|sleat]]ten, en minsklike lânyndieling lykas [[greide]]n en [[ikker]]s mei har [[ôffreding]]s. Ta einbeslút binne der dan ek noch flechtige eleminten dy't mei it [[waar]] te krijen hawwe, lykas [[wolken]]s, [[rein (delslach)|rein]], [[wjerljocht]], [[snie]] of [[sinne]]skyn.
 
Troch de kombinaasje fan 'e geologysk-geografysk oarsprong mei natuerlike foarmen fan begroeiïng en de troch de minske yn [[kultuer]] brochte eleminten jouwe lânskippen, dy't faak oer in perioade fan [[milennia]] kreëarre binne, in ferraning fan [[geografy|plak]] en [[libben]] wer. Gauris is de foarm dy't in lânskip oannimt fan fitaal belang foar de pleatslike en [[nasjonale identiteit]] fan 'e lju dy't der wenje. It oansjen fan in lânskip ûnderstipet it fêstlizzen fan it selsbyld dat de bewenners fan sa'n krite fan harsels hawwe, en fan it karakteristike gefoel dat in plak opropt by besikers út oare regio's wei. De [[Ierde]] ken in grut ferskaat oan lânskippen, dy't útinoar rinne fan [[poalstreek|poalstreken]], [[toendra|toendra's]] en [[nullewâld]]en fia [[berchtme]]n, [[heuvelte]]n, iepen [[flakte]]n, [[mingde wâlden]], [[leafwâld]]en, [[leechlân]] en [[moeras]]sen nei [[tropysk reinwâld]] en [[woastyn|woastinen]].