Westromeinske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 9:
== Foederaty ==
[[Ofbyld:628px-Western and Eastern Roman Empires 476AD(3).PNG|thumb|It West- en Eastromeinske Ryk yn 476.]]
Fuort nei de dea fan keizer [[Theodosius I]] hellet de [[foederaty]] yn grutte dielen fan it ryk de bestjoerlike en militêre macht nei him ta. Foederaty lylas de Fisigoaten en de Boergonden makken harsels los fan it Romeinske Ryk troch it stiftsjen fan eigen keninkriken. Nei de ynvaazje van de Westgoaten yn 402 op it Italjaanske skiereilân beslute Honorius om it hôf fan ''Mediolanum'' (Milaan) te ferpleatsen nei Ravenna, in stêd dy't better ferdigene wurde koe. Op de Britske eilannen fielden Westromeinske soldaten har allinnich litten en namen sels it inisjatyf ta it weromlûken nei Galje. [[Brittanje]] waard by it [[Grutte Folkeferfarren]] ûnder de foet rûn troch [[Angelen]], [[Friezen]], [[Juten]] en [[Saksen]]. Yn it jier 406 wie de [[Ryn]] as ryksgrins net mear te hâlden doe't ûnder oaren de Fandalen en Sueven it noarden fan Galje binnenfoelen. De Frankyske foederaty en de Romeinske grinstroepen („Limitanei“) koenen de Germaanske stammen net keare en waarden ferslein. Yn 405 wie in Goatysk leger it Westromeinske Ryk binnenfallen, mar koe troch [[Stilicho]] tsjinhâlden wurde. Nei de dea fan syn broer Arkadius fan it Eastromeinske Ryk liet Honorius syn riejouwer en legeroanfierder Stilicho fermoardzje. Wylst wegere it regear yn Ravenna om noch mear lân oer te jaan oan de [[Fisigoaten]], dy't ûnder [[Alarik I]] yn 410 de stêd [[Rome (stêd)|Rome]] plonderen. It [[Fisigoatyske Ryk]] besloech om 500 hinne it grutste part fan de eardere provinsje [[Hispanje]] en [[Akwitaanje]], mar moasten Akwitaanje nei de [[Slach fan Fouillé]] yn 507 ôfstean oan in ferbûn fan Franken en Boergonden. De Romeinske provinsje [[Afrika (Romeinske ryk)|Afrika]] wie nei de besetting fan [[Kartago]] yn it jier 439 ûnderdiel fan it [[Fandaalske Ryk]].
 
== De Hunnen ==