Strân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
"Playas_Accesibles.svg" is op Commons fuorthelle Túrelio om't: OTRS agent: '''derivated work of a copyrighted spanish sign. Non free image. Please see c:Ticket:2019112110005248 and c:ticket:2019121010003134.
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[FileOfbyld:Steilküste bei Ahrenshoop.jpg|thumb|[[Meklenburch-Foarpommeren|Pomerania Beach]] ''(Darss)'']]
[[Ofbyld:Strand zeeuwsvlaanderen.JPG|thumb|''Strân yn Siuwsk-Flaanderen (Nieuwvliet)'']]
[[Ofbyld:Strand Katwijk.jpg|thumb|''In strân wurdt faak brûkt as rekreaasjegebiet'']]
Rigel 6:
In '''strân''' is in stripe lân mei in bytsje of gjin [[fegetaasje]] by in wetter (in [[see]], [[oseaan]] of in [[mar (wetter)|mar]]) lâns. In strân rint nei de see ta ôf en giet oer yn de seeboaiem.
 
Meastentiids bestiet in strân út benammen [[sân (grûnsoarte)|sân]] ('sânstrân'), soms út benammen keizels ('keizelstrân') of skulpen ('skulpestrân'). Guon strannen besteane út fulkanysk sân en binne swart fan kleur. In strân is in bytsje of net begroeid, hoewol't op rêstige strannen, lykas op it eilân [[Skiermûntseach (eilân)|Skiermûntseach]] en by [[Nieuwvliet]] yn [[Siuwsk-Flaanderen]] der lokaal wol wat [[halofyl|sâltplanten]] groeie, en wat [[helmgers]]. Soms wurde ek mooglike oanwêzige [[Dún|dunen]] ta it strân rekkene. In kuststripe dy't út fêster materiaal bestiet, lykas rotsen, of dy't begroeid is, wurdt faak [[ouwer]] neamd.
 
In strân by in see of oseaan lâns, rint (diels) ûnder wetter as it [[floed]] is. Meastal bliuwt in grut stik strân drûch, mar by útsûnderlike omstannichheden ([[springfloed]] ), oanlannige [[Wyn (meteorology)|wyn]]) kin it heule strân ûnderstrûpe. De boppegrins fan it strân (dêr't de begroeiïng begjint) jout dus ek oan hoe fier it wetter komme kin.