Syrus de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Regear: defsort
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 32:
__TOC__
== Jonkheid ==
Ynsafier't bekend is, is Syrus de Grutte itsij berne yn [[600 f.Kr.|600]] of [[599 f.Kr.]], itsij yn [[576 f.Kr.|576]] of [[575 f.Kr.]] Oer syn jonkheid is net in protte mei wissichheid te sizzen, al besteane der ferskate [[leginde|legindaryske ferslaggen]], wêrûnder ien fan 'e [[Grikelân|Grykske]] [[histoarikus]] [[Herodotus|Herodotus fan Halikarnassus]], dy't in ferhaal fertelt fan in prins dy't tige jong ûntfierd wurdt en yn 'e bergen grutbrocht wurdt troch pleechâlden om dan as folwoeksene werom te kearen en syn erfskip op te easkjen. Dy stoarje heart ta in hiel sjenre fan soksoarte teltsjes, mei dêrûnder bgl. it ferhaal fan [[Remus en Romulus]] en de stifting fan [[Rome (stêd)|Rome]], en ek de leginde fan [[Oidipoes]] (sjoch: ''[[Kening Oidipoes]]''). Der sil miskien in kerltsje fan wierheid yn sitte, mar it is dreech om te witten wat men der krekt fan leauwe moat.
 
Yn elts gefal stamme Syrus úteinlik ôf fan [[Achaimenes]] (Aldperzysk: Haxāmaniš), de stamheit fan 'e [[Achaimenidyske Dynasty]], dy't tusken [[705 f.Kr.|705]] en [[675 f.Kr.]] oer it oarspronklike Perzje regearre, dat likernôch lykslein wurde kin mei de hjoeddeiske Iraanske provinsje [[Fars]] (yn 'e Aldheid: Pars; dêrfandinne "Perzen"). Achaimenes syn soan, pakesizzer en oerpakesizzer, [[Teispes]], [[Syrus I]] en [[Kambyses I]], regearren nei him, en Syrus de Grutte wie syn oeroerpakesizzer, de soan fan Kambyses I.