Beton: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[Ofbyld:Concrete flattening.jpg|thumb|Fask beton wurdt egalisearre mei in trilplaat]]
'''Beton''' is in keunstmjittich stiennich materiaal, dat as boumateriaal brûkt wurdt. It moderne beton is gearstald út it bynmiddel [[Semint (boumateriaal)|semint]] en út ien of meardere taslachmaterialen lykas [[sân (grûnsoarte)|sân]], [[gryn]] of [[stienslach]]. Semint hat de eigenskip út te hurdzjen as der wetter oan tafoege wurdt.
 
Goed beton is in mingsel wêryn de kerlgrutte fan de ferskillende soarten sân en gryn inoar sa oanfolje, dat it mingsel úthurdet ta in stienachtich en duorsum materiaal. Yn tsjinstelling ta bygelyks [[gips]] lost it úthurde beton net mear op at it yn oanrekking komt mei wetter.
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Pantheon rome 2005may.jpg|thumb|[[Hadrianus]] syn Pantheon yn [[Rome (stêd)|Rome]] is in foarbyld fan Romeinske betonbou]]
De [[Egypte|Egyptners]], [[Babyloanje]]rs, [[Foenysjers]], [[Griken]] en [[Romeinen (folk)|Romeinen]] koenen eartiids de foardielen fan it gebrûk fan (net wapend) beton. De Romeinen brûkten it by de bou fan [[Brêge|brêgen]] en [[Akwadukt|akwadukten]]. Ek by de bou fan it [[Kolosseum]] en it [[Pantheon]] war troch de Romeinen beton brûkt. As bynmiddel waard [[kalk]] of [[tras]] brûkt. Letter rekke dizze betontechnyk iuwen oanien yn ûnbrûk. Pas yn 1756 makke de Brit [[John Smeaton]] foar de weropbou fan in fjoertoer gebrûk fan in mingsel fan kalk en [[klaai]]. Nei fierdere ferbettering fan dat materiaal yn 1824 en de útfining fan [[portlânsemint]] troch de Ingelsman [[Joseph Aspdin]] (dy't der patint op krige), waard it gebrûk fan beton op 'en nij ûntdekt. It earste yndustriële bousel fan portlânsemint waard yn 1842 delset.
 
{{Commonscat|Concrete}}