Ferskil tusken ferzjes fan "Russysk-Otterdokse Tsjerke"

 
Neffens de leginde is de Russysk-Otterdokse Tsjerke stifte troch de [[apostel]] [[Andréas (apostel)|Andréas]], dy't oan 'e ein fan 'e earste iuw [[Skysje]] en de [[Griken|Grykske koloanjes]] oan 'e noardkust fan 'e [[Swarte See]] besocht hawwe soe. Yn wurklikheid moat de stifting lykwols takend wurde oan grutfoarst [[Wladimir de Grutte]], dy't de tsjerke yn Ruslân fêstige troch yn [[988]] syn ryk, [[Kiëv-Rus]], te kristenjen. Yn [[1448]] waard it patriargaat fan Moskou ûnôfhinklik fan it [[Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel]], mar it duorre noch oant [[1589]] foar't de partriarch fan Konstantinopel dy ûnôfhinklikens ek tajaan woe en Moskou as fyfde eastersk-otterdokse partriargaat (nei [[Konstantinopel]], [[Aleksandrië]], [[Antiochië]] en [[Jeruzalim]]) erkend waard.
 
Nei't Konstantinopel yn [[1453]] yn [[Osmaanske Ryk|Turkske]] hannen fallen wie, begûnen de partriargen fan Moskou harsels wat langer wat mear as feitlik lieder fan 'e gruttere Eastersk-Otterdokse Tsjerke te beskôgjen en de oekumenyske patriarch yn it troch de [[islam|moslims]] besette Konstantinopel inkeld as it symboalysk haad. Moskou waard doe "it Trêde Rome" neamd (nei [[Rome (stêd)|Rome]] sels en Konstantinopel). Dy sitewaasje en dat selsbyld duorre fuort oant nei de [[Oktoberrevolúsje]] fan [[1917]] de [[kommunisme|kommunisten]] yn Ruslân oan 'e macht kamen.
 
Under it [[Sovjet-Uny|Sovjet-rezjym]] hie de Russysk-Otterdokse Tsjerke slim te lijen, net allinnich troch druk fan bûtenút, mar teffens fanwegen ynterne rebûlje. Ferskate tsjerkeskuorrings datearje út 'e iere Sovjet-tiid. Boppedat skate de Russysk-Otterdokse Tsjerke bûten de Sovjet-Uny him ôf fan 'e ûnder kommunistysk tafersjoch steande memmetsjerke.
13.833

bewurkings