Iepenbiering fan Jehannes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 42:
[[Gerben Colmjon]] sette yn [[1863]] in fragmint fan ''Iepenbiering'' oer yn it Frysk (''Iep.'' 3:14), dat útjûn waard as taheakke by dy syn ''Beknopte Friesche Spraakkunst''. Yn [[1919]] joech dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] yn syn ''Ut 'e Heilige Dobbe'' û.m. oersettingsfragminten fan eigen hân fan ''Iep.'' 7:9-17, 14:14-20 en 21:1-8 út. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''Iepenbiering'' stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dat yn [[1933]] útkaam en dat fan [[1943]] ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting.
 
Om't sawol [[teolooch|teologen]] as [[taalkundige]]n beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan [[1966]] ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn [[1978]] útkaam as de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] (mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]], it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' te [[Haarlim]] en de ''[[Katholieke Bijbelstichting]]'' te [[Bokstel (plak)|Bokstel]]). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan [[1995]]. De oersetting fan ''Iepenbiering'' waard dêrby dien troch drs. [[H.J. Brouwer]], dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. [[J.H. Brouwer]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=