Widukind fan Corvey: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 9:
De ''Res gestae saxonicae'' wiene wichtige skiedskriuwings yn de tiid fan Hindrik de Fûgelder en Otto de Grutte. Widukind skreau as in Saks, dy't grutsk op syn folk en skiednis wie. Hy skreau dat de Saksen it mulpunt fan de skiednis wiene. Hy begûn syn skiedskriuwen net mei de [[Romeinske tiid]], mar mei in koarte ynhâld fan de oerlevere skiednis fan de Saksen en harren wrakseljen mei de [[Franken]].<br/>
Hy begûn mei de strideraasjes tusken [[Teodoarik I]], kening fan [[Austraasje]] en de [[Tueingen|Tueringers]], dêr't de Saksen in wichtige rol yn spilen. In taspiling fan it kerstenjen fan de Saksen ûnder [[Karel de Grutte]] bringt him nei de eardere Saksyske hartoggen en de ûnderdielen fan it bewâld fan Hindrik de Fûgelder. It barren yn Itaalje waard net neamd allyksa de paus. It twadde boek begjint mei de ferkiezing fan Otto de Grutte ta kening fan Dútslân en it drygjen tsjin syn bestjoer, giet it barren yn Itaalje wer foarby en einiget mei de dea fan syn earste frou [[Edith fan Wessex]] yn [[946]].<br/>
Der binne trije manuskripten bewarre bleaun fan Widukind syn ''Gesta'', dêr't der ien skreaun is yn [[Benevento]], dat besuden [[Rome (stêd)|Rome]] leit. In manuskript fan it ''Res gestae saxonicae sive annalium libri tres'' wie foar it earst públisearrepublisearre yn [[1532]] yn [[Bazel]] en befynt him hjoed-de-dei yn de [[British Library]]. Der binne noch twa oare bewarre manuskripten. De bêste útjefte wie yn [[1935]] troch Paul Hirsch en Hans-Eberhard Lohmann yn de searjes ''[[Momenta Germaniae Historica]]: Scriptores rerum Germanicum in usum scholarum editi''. In Dútske oersetting ferskynde yn de ''Quellen zur Geschichte der sächsischen Kaiserzeit'', dat públisearre wie troch Albert Bauer en Reinhold Rau yn [[1971]]
 
==Boarne==