Loataringen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Carolingian empire 855.svg|250px|thumb|It Keninkryk Loataringen (pears) en oare Karolingyske keninkriken neffens it Ferdrach fan Prüm yn 855]]
'''Loataringen''' ([[Latyn]]: ''Lotharii regnum'') wie ien fan de [[Karolingen|Karolingyske]] keninkriken nei it ferpartsjen fan it [[Frankyske Ryk]]. It omfieme de hjoeddeiske gebieten fan [[Nederlân]], [[Belgje]], [[Lúksemboarch (lân)|Lúksemboarch]], [[Dútslân]], bewesten de [[Ryn]] en [[Elsas]] en [[Loataringen (Frankryk)|Loataringen]] yn [[Frankryk]]. It wie neamd nei kening [[Lotarius II]] dy't it gebiet krige nei it ferpartsjen fan it keninkryk [[Midden-Frânsje]] fan syn heit [[Lotarius I]] yn [[855]] oan dy syn trije soannen.<br/>
Loataringen waard foarme út it yn trijen ferpartsjen fan it keninkryk fan Midden-Frânsje, dy't op syn bart foarme waard mei it ferpartsjen fan it [[Karolingyske Ryk]] yn trijen neffens it [[Ferdrach fan Ferdun]] yn [[843]]. Skelen tusken [[East-Frânsje|East-]] en [[West-Frânsje]] oer Loataringen wie it feit dat it it stamgebiet [[Austraasje]] fan de [[Franken]] omfieme. Dus besit fan dat gebiet wie in wichtige reden foar harren.
 
Rigel 9:
{{Apart|Midden-Frânsje}}
[[Ofbyld:Middle Francia 843.svg|250px|thumb|Midden-Frânsje yn grien]]
Yn [[817]] makke keizer [[Loadewyk de Fromme]] plannen en ferdiel it [[Karolingyske Ryk]] tusken syn trije soannen nei syn dea. Yn 817 wie it noch net foarsjoen dat der in fjirde erfgenaam wêze soe. Yn [[823]] wie der in fjirde soan, [[Karel de Keale]] berne fan Loadeyk syn twadde frou [[Judit fan Beieren]]. Doe't Loadewyk yn [[833]] besocht en ferdiel it Ryk fannijs yn it foardiel fan Karel, kamen syn trije mearderjierrige soannen [[Lotarius I|Lotarius]], [[Pepyn I fan Akwitaanje|Pepyn]] en [[Loadewyk de Dútser|Loadewyk]] yn ferwar. In boargerkriich fan krapoan tsien jier, mei sa no en dan skommeljende alliânjes en koarte fredesperioaden deryn, bruts út. Pepyn ferstoar yn [[838]] en Loadewyk de Fromme ferstoar yn [[840]]. De trije oerbliuwende bruorren sleaten frede en ferdielen it Ryk yn [[843]] mei it [[Ferdrach fan Verdun]]. Lotarius, dy't de âldste wie, krige de keizerstitel en krige in lange stripe lân fan de [[Noardsee]] oant súdlik [[Itaalje]]. De reden fan dy ferdieling wie dat Lotarius al de kroan fan it [[Keninkryk Itaalje (Hillige Roomske Ryk)|Keninkryk Itaalje]], dat in ûnderkeninkryk ûnder Loadewyk de Fromme wie, hie. In oare reden wie dat hy as keizer fanút [[Aken (stêd)|Aken]], dat de residinsje fan keizer [[Karel de Grutte]] wie, en [[Rome (stêd)|Rome]], de âlde residinsje fan de [[Romeinske keizers]], regearje soe. Midden-Frânsje (Latynsk: ''Francia media'') omfieme al it gebiet tusken Aken en Rome en waard bytiden troch guon skiedkundigen de ''Lotaringyske as'' neamd.
 
==Keninkryk Loataringen==