Dionysius fan Parys: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 47:
 
== Libben ==
It âldste dokumint dat wiidweidich oer it libben en de dea fan Dionysius skriuwt is it ''"Passio SS. Dionysii Rustici et Eleutherii"'' út likernôch 600. Yn it dokumint wurdt melding makke dat Dionysius tegearre mei seis oare biskoppen yn de 3e iuw út [[Rome (stêd)|Rome]] troch [[paus Fabianus]] as misjonaris nei [[Galje]] stjoerd waard. Neffens de Gallo-Romeinske biskop-skiedkundige [[Gregoarius fan Toers|Gergoarius fan Tours]] wie Dionysius yn 250 biskop fan Parys, dat doe noch Lutetia hiet. Gregoarius fan Toers droech ek by oan de betizing mei de hillige [[Dionysius Areopagita]] yn de midsiuwen.
 
Mei Rustikus en Eleutherius wie Dionisyius effektyf yn it bekearen fan minsken ta it kristendom. It ferlies fan folgelings liede ta oergeunst by de heidenske preesters. Hja wisten de Romeinske steedhâlder oer te heljen om de misjonarissen op te pakken en finzen te setten. Letter waarden de misjonarissen op de heechste heuvel fan Parys [[ûnthalze]]. Dat wie doedestiids in hillich heidensk plak. De heuvel stiet tsjintwurdich bekend ûnder de namme [[Montmartre]], itjinge heuvel fan de martlers betsjutte soe. Mar it soe ek kinne dat de namme ôflaat waard fan ''Mons Mercurii et Mons Martis''; heuvel fan Merkurius en Mars.
 
Ynearsten wiene de ferfolgers fan doel om de fermoarde misjonarissen yn de [[Seine (rivier)|Seine]] te smiten sadat de kristenen gjin gelegenheid krigen om se te earjen. Mar in heidenske frou dy't sympatisearre mei de kristenen wist dat tefoaren te kommen en de ferfolgers oer te heljen de lichems werom te jaan oan de kristenen. Dy begroeven de lichems sa'n seis kilometer fierder op in ikker. Letter die nei it ynsiedzjen bliken dat de ikker bysûnder fruchtber wie.<ref>De hemelse hiërarchie van Dionysius de Areopagiet, redigearre troch Árpád P. Orbán</ref>
[[File:Martyrium des hl. Dionysius.jpg|thumb|left|250px|<center>''Martlerskip fan de hillige Dionysius''</center>]]
Neffens de leginde soe Dionysius op it plak fan eksekúsje de ôfhakke holle oppakt en yn in boarne wosken ha, om dêrnei mei de holle yn de hannen sa'n 6 kilometer nei it noarden ta te kuierjen oant er op it plak kaam dêr't er begroeven wurde woe. Op dat plak liet de [[Franken|Frankyske]] kening [[Dagobert I]] letter yn 626 de oan Dionysius wijde abdij en basilika Saint-Denis bouwe, dy't tsjinje soe as grêftsjerke foar de Frânske kenings.