Meksiko-Stêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 58:
Ien fan de meast besochte plakken yn Meksiko-stêd is it [[Plaza de la Constitución|Zócalo]], dêr't de Azteekse [[templo mayor]], it Nasjonaal Paleis en de [[Katedraal fan Meksiko-stêd|Spaanske katedraal]] húsmanje.
 
De Avenida de los Insurgentes, dy't noard-súd troch de stêd rint, soe de langste avenue yn de wrâld wêze. De Avenida krúst yn it sintrum de Paseo de la Reforma, dy't wol de '[[Seine (rivier)|Seine]] fan beton' neamd wurdt. Op rotondes yn de Paseo steane tal fan monuminten, sa as de [[Ángel de la Independencia]], dat ek tsjinnet as mausoleum foar in tal ûnôfhinklikheidsstriders. Oan de Paseo de la Refoma stiet ek de [[Torre Mayor]], it heechste gebou fan Latyns-Amearika. Oan de westkant fan de Paseo leit Chapultepec, in grut park op in hichte. Fanâlds is dat it plak dêr't de ynwenners ferdivedaasje sykje; de Azteekske keizers hienen dêr al in residinsje en de Spaanske ûnderkeningen lieten dêr it [[Chapultepec (paleis)|Paleis fan Chapultepec]] sette. Nei de ûnôfhinklikheid waard it paleis een kazerne, en noch wer letter it paleis fan [[Maksimiliaan fan Meksiko|keizer Maksimiliaan]]. No is it in museum. It Nasjonale Antropologymuseum, dat in grut tal bysûndere pre-Kolumbiaanske foarwurpen hat, stiet yn dit park, lykas de residinsje fan de presidint, Los Pinos.
 
Fierder nei it noarden, yn [[Tlatelolco]], de âlde Azteekske merkstêd, leit it Plein fan de Trije Kulturen. Dêr tichtby is ek de Basilyk fan Guadalupe, boud nei de ferskining fan de [[Faam fan Guadalupe]] yn [[1531]] op dat stee. De basilyk lûkt jierliks miljoenen pylgers.