FICEB Award: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 19:
[[File:FICEB 2006.jpg|left|thumb|200px|In [[stripper]] fiert in [[striptease]] út op it ''FICEB'' fan [[2006]].]]
 
Sûnt [[1997]] wurdt it ''FICEB'' holden yn it La Farga-sealesintrum yn [[L'Hospitalet de Llobregat]], de grutste foarstêd fan 'e [[Kataloanje|Katalaanske]] haadstêd [[Barseloana (stêd)|Barseloana]]. De útsûndering op dy regel wie [[2008]], doe't it gemeentebestjoer fan L'Hospitalet de Llobregat yn in kontroversjele ûnwikkeling ynienen besleat om 'e fergunning foar it festival net te fernijen, sadat de organisaasje dat jiers útwike moast nei de [[Spanje|Spaanske]] haadstêd [[Madrid (stêd)|Madrid]]. Sûnt [[2005]] genietet it ''FICEB'' offisjele erkenning fan it regear fan 'e autonome regio [[Kataloanje]].
 
Der besteane trije soarten ''FICEB Awards'', dy't elkmis wer ûnderferdield binne yn in stik as tweintich ûnderskate kategoryen: de ''Ninfa'' (Katalaansk foar "Nimf") foar [[heteroseksualiteit|heteroseksuële]] (en [[lesbiënne|lesbyske]]) [[pornografy]]; de ''HeatGay'' foar (manlike) [[homoseksualiteit|homoseksuële]] pornografy; en de ''Tacón de Aguja'' ("Hege Hakke") foar pornografy op it mêd fan [[bondaazje]], [[sado-masogisme|s.m.]] en oare foarmen fan [[seksueel fetsjisme]]. Under de [[pornoaktrise]]s dy't alris in ''FICEB Ninfa Award'' wûn hawwe, binne [[Belladonna (pornoaktrise)|Belladonna]], [[Katsuni]], [[Rita Faltoyano]], [[Tarra White]], [[Gina Lynn]] en [[Sylvia Saint]].