Plato: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
st |
→Oplieding: bs |
||
Rigel 40:
Plato wurdt rûnom beskôge as de meast talintearre learling fan [[Sokrates]]. Hoewol't it ûnbekend is wannear't Plato him krekt by Sokrates jûn hat, komt út syn ''Apologia'' nei foarren dat er himsels al jong as in learling fan 'e grutte filosoof beskôge. Letter bea er mei [[Krito fan Alopeke|Krito]], Kritobolus en Apollodoarus oan om foar Sokrates in [[boete (jild)|boete]] fan 30 [[mina (ienheid)|mina's]] te beteljen yn it stee fan 'e [[deastraf]] dy't troch oaren foar syn master bepleite waard. Yn gjinien fan syn wurken sprekt Plato yn 'e dialogen mei syn eigen stim, mar nammenste mear lit er Sokrates foar him sprekke. Dêrby komt út 'e oare primêre boarnen oer Sokrates, it wurk fan 'e [[histoarikus]] [[Ksenofon]] en de [[toanielstik]]ken fan 'e [[komeedzje]]skriuwer [[Aristofanes]], in frijwat oar portret fan 'e grutte filosoof nei foarren ta. It liket derop, sa't [[skriuwster]] [[Jo Walton]] ien fan har personaazjes yn ''[[The Just City]]'' sizze lit, "''dat Plato Sokrates fereare, mar dat er nei dy syn dea nei ferrin fan tiid in eigen ferzje fan Sokrates gearstald hat om te ferearjen."''
Behalven troch Sokrates waard Plato perfoarst ek sterk beynfloede troch de wiskundige en filosoof [[Pytagoras]]. Sa besteane der oanwizings dat Plato syn idee dat [[wiskunde]] en abstrakt tinken yn it algemien in stevige grûnslach foar filosofy is, ôfkomstich wie fan Pytagoras. Fierders dielden Plato en Pytagoras ek in beskate mystike opfetting oangeande de [[siel (gepast)|siel]] en it plak fan 'e siel yn 'e materiële wrâld. Sawol Plato syn learling [[Aristoteles]] as de [[Romeinske Ryk|Romeinske]] tinker [[Sisero]] wiene fan miening dat Plato by it meastepart fan syn ideeën fuortborduere op it wurk fan Pytagoras. Nei de dea fan Sokrates learde Plato noch in skoftke fierder by [[Euklides]] fan [[Megara]].
[[File:Plato i sin akademi, av Carl Johan Wahlbom (ur Svenska Familj-Journalen).png|left|thumb|230px|Plato yn syn Akademy (tekening nei in [[skilderij]] fan 'e [[Sweden|Sweedske]] [[skilder]] [[Carl Johann Wahlborn]]).]]
|