Ferskil tusken ferzjes fan "Necessity"

18 bytes grutter ,  11 moannen lyn
(st)
 
''The Philosopher Kings'' spile fyftjin jier nei't wat tsjin dy tiid 'it Lêste Debat' neamd waard. Underwilens wiene der op Teara fjouwer nije, mei de oarspronklike Stêd rivalisearjende [[stêd]]en stifte troch groepen platonisten dy't allegear mienden dat hàrren útlis fan Plato syn bedoelings de juste wie. Doe't Apollo mei guon oaren ôfsette op in [[ûntdekkingsreis]] om syn âlde fijân te sykjen, fan wa't al dy tiid neat mear fernommen wie, die bliken dat de groep fan Kebes troch it opnimmen fan [[Griken|Grykske]] [[oarloch]]sflechtlingen út [[Lyts-Aazje]] op it [[eilân]] [[Lesbos]] en ferskate oanbuorjende [[eilân|eilannen]] acht nije stêden stifte hie, dêr't net inkeld it platonisme, mar benammen ek it [[kristendom]] preke waard. Nei in wapene konfrontaasje en de [[dea]] fan Kebes wist Apollo [[frede]] te bewurkmasterjen, net allinnich tusken de oanhingers fan Kebes en syn eigen folk, mar ek tusken de fiif stêden op Teara sels.
 
De yntroduksje fan it kristendom yn 'e [[Grikelân|Grykske]] [[Brûnstiid]] wie lykwols hopeleas [[anagronisme|anagronistysk]] en in bedriging foar de hiele fierdere skiednis. Sadwaande makke dat it yngripen fan 'e oppergod [[Seus]] needsaaklik, de [[heit]] fan Apollo en Pallas Atene, dy't alle trettjin platoanyske stêden ferpleatste út 'e Aldheid nei de [[seisentweintichste iuw]], en fan [[Grikelân]] nei in fiere ûnbewenne [[planeet]], krekt foarôfgeande oan 'e tiid dat de [[Ierde]] troch de ûntwikkeling fan [[flugger-as-ljocht]]reizgjen wer yn kontakt kaam mei in grut tal minsklike [[koloanje]]s op oare planeten dy't dêr stifte wiene yn it tiidrek dat [[romte (astronomy)|romte]]reizen noch stadiger as ljocht giene. In protte fan dy koloanjes hiene har tsjin dy tiid yn hiel aparte rjochtings ûntjûn, en de platoanyske beskaving koe maklik foar sa'nent trochgean.
 
===''Necessity''===
14.188

bewurkings