Swart hier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 2:
'''Swart hier''' is sawol de dûnkerste as de meast foarkommende soarte fan [[minske|minsklik]] [[hier (begroeiïng)|hier]]. It hawwen fan dizze [[hierkleur]] is in [[dominant gen|dominant]] [[genetika|genetysk skaaimerk]], dat foarkomt by lju fan alle eftergrûnen en [[etnyske groep]]en, hoewol by guon mear as oaren. Swart hier ûnderskiedt him fan oare hiersoarten trochdat it in hege konsintraasje fan it dûnkere [[pigmint]] [[eumelanine]] befettet en trochdat it minder ticht is as oare kleuren hier. Soms wurdt hiel dûnkerbrún hier foutyf foar swart holden. Mooglik om wier swart hier fan sok dûnkerbrún hier te ûnderskieden, wurdt gauris sprutsen fan gitswart, ravenswart of inketswart hier, hoewol't der fan swart eins mar ien kleurnuânse mooglik is.
 
Faak wurdt swart hier assosjearre mei minsken mei in dûnkere [[hûdskleur]], mar it komt likegoed foar by lju dy't in hiel ljochte hûdskleur hawwe, lykas etnyske [[Japanners]] en [[Inûyt]] en by [[jeropide ras|blanken]] út [[Jeropa]]. Bûten Jeropa hat de grutte mearderheid fan 'e minskheid swart hier. Nei gedachten wie dit de oarspronklike hierkleur fan ''[[homo sapiens]]''. Yn 'e heechste konsintraasjes komt swart hier foar yn [[Afrika]], op it [[Arabysk Skiereilân]], yn [[Súd-Aazje]], [[Sintraal-Aazje]], [[Súdeast-Aazje]], [[East-Aazje]], [[Mikroneezje (eilannekloft)|Mikroneezje]], [[Polyneezje]], mank de lânseigen befolking fan [[Sibearje]], de [[Yndianen]] en de [[Inûyt]]. Ek yn 'e [[Fruchtbere Healmoanne]] fan it [[Midden-Easten]], yn [[Súd-Jeropa]], de [[Kaukasus]] en op 'e [[Balkan]] komt it in protte foar. Yn [[West-Jeropa]] steane de westlike [[Ieren (folk)|Ieren]] bekend om harren tige dûnkerbrune hier dat yn it ferline faak foar swart oansjoen waard; dêrfandinne de beneaming '[[Swarte Ieren]]'.
 
{{boarnen|boarnefernijing=