Plato: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Oplieding: - tikfl
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 44:
 
===Folwoeksen libben===
It is goed mooglik dat Plato as jongeman alhiel nei [[Itaalje]], [[Sisylje]], [[Egypte]] en de [[Syrenaika]] reizge, allegear gebieten dêr't yn syn tiid [[Griken|Grykske]] [[koloanjes]] fêstige wiene. Nei't it skynt, kearde er yn [[387 f.Kr.]], doe't er fjirtich jier wie, yn Atene werom. Hy stifte dêr doe yn 'e Bosk fan Akademus, in eintsje bûten de eigentlike stêd, syn [[Platoanyske Akademy|Akademy]], wat it alderearste organisearre ynstitút foar [[heger ûnderwiis]] yn 'e Westerske wrâld wie. De namme fan 'e ynstelling soe komme fan 'e oarspronklike eigner fan 'e grûn, in Akademus, of mooglik fan in [[Akademus|âlde held mei dy namme]]. Yn elts gefal bestie de Akadeemje nei Plato syn dea fuort oant [[84 f.Kr.]], doe't de skoalle troch de [[Romeinen (folk)|Romeinen]] ûnder [[Lusius Kornelius Sulla]] ferwuostge waard. Oan it begjin fan 'e [[fyfde iuw]] (n.Kr.) waard de Akadeemje troch [[neoplatonisme|neoplatonisten]] weroprjochte, mar yn it jier [[529]] waard it ynstitút op lêst fan 'e [[Byzantynske Ryk|Byzantynske]] keizer [[Justinianus I]] foargoed sletten, om't de platonistyske wize fan tinken dy't dêr ûnderwiisd waard, [[heidendom|heidensk]] wêze soe en in bedriging foar it [[kristendom]] ynhâlde soe.
 
Plato syn lettere libben stie yn it teken fan syn bemuoienissen mei de Grykske stêdsteat [[Syrakûse]], oan 'e eastkust fan [[Sisylje]]. Neffens Diogenes Laertius besocht Plato dy stêd ûnder it regear fan tiran [[Dionysius I fan Syrakûse|Dionysius I]]. Dy syn sweager [[Dion fan Syrakûse|Dion]] ûntjoech him ta ien fan Plato syn dissipels, mar de tiran sels kearde him tsjin Plato fanwegen in skeel oer wat de ideäle steatsfoarm wie. De wiisgear moast dit aventoer suver mei de [[deastraf]] bekeapje, mar ynstee dêrfan waard er úteinlik as [[slavernij|slaaf]] ferkocht, wêrnei't er foar 20 mina's frijkocht en nei hûs stjoerd waard troch ien fan syn oanhingers, in Annisearis. Neffens Plato syn [[Sânde Brief (Plato)|Sânde Brief]] frege Dion him nei de dea fan Dionysius I om werom te kommen nei Syrakûse om syn omkesizzer [[Dionysius II fan Syrakûse|Dionysius II]] les te jaan yn filosofy, sadat er ien fan 'e filosofen-keningen wurde koe dy't Plato yn syn ''[[Politeia]]'' beskreaun hie. Dionysius fûn Plato syn lessen bêst genôch, mar hy wantroude syn omke Dion. Uteinlik ferballe er Dion, wylst er Plato tsjin dy syn wil fêsthold. Under ûndúdlike omstannichheden wist Plato letter lykwols dochs Syrakûse te ferlitten en nei Atene werom te kearen. Neitiid sette Dion syn omkesizzer ôf om in hoartsje sels tiran fan Syrakûse te wurden foar't er sels ek wer ôfset waard troch [[Kalippus fan Syrakûse|Kalippus]], in oare learling fan Plato.