The Spirit Ring: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 33:
''The Spirit Ring'', dat oerset wurde kin as "De Geastering", wie trouwens wol Bujold har earste boek dat yn in hardcover-edysje ferskynde. It boek [[fertelperspektyf|is skreaun]] yn it [[personeel perspektyf|personele perspektyf]] en waard foar it earst útjûn troch ''Baen Books'' yn novimber 1992. De earste paperback-edysje kaam út yn oktober [[1993]]; de twadde yn oktober [[1996]]; en de trêde yn maaie [[2000]]. Yn maart [[2002]] ferskynde ''The Spirit Ring'' as [[e-boek]] en yn febrewaris [[2012]] as [[audioboek]]. Op 't heden (febrewaris [[2013]]) is it allinne noch te besetten as e-boek of yn 'e [[Spaansk]]e oersetting.
 
''The Spirit Ring'' spilet yn in fantasy-ferzje fan it [[Itaalje|Noarditaljaanske]] [[Piëmont]], dêr't [[tsjoenderij]] in fêststeand feit is en in normaal ûnderdiel fan beskate ambachten. It ferhaal is loskes basearre op ûnderskate boarnen. Ien dêrfan is ''[[De Re Metallica]]'', fan [[Georgius Agricola]] ([[1494]]-[[1555]]), in tekst dy't postúm útjûn waard yn [[1556]] en 180 jier lang it lêste wurd op it mêd fan mynbou en smelterij bleau. In oaren is de [[autobiografy]] fan 'e Italjaanske [[goudsmid]], [[byldhouwer (keunstner)|byldhouwer]], [[skilderkeunstskilder]], soldaat en [[musikus]] [[Benvenuto Cellini]] ([[1500]]-[[1571]]).
 
==Plot==