Anagronisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Cesare Gennari Orfeo.jpg|right|thumb|200px|[[Orfeus]], in figuer út 'e [[Grykske mytology]], hjir troch de [[Itaalje|Italjaanske]] [[skilderkeunstskilder]] [[Cesare Gennari]] ([[1637]]-[[1688]]) ôfbylde mei in [[fioele]], in ynstrumint dat pas yn 'e [[sechstjinde iuw]] útfûn waard.]]
In '''anagronisme''', fan it [[Gryksk]]e ανά, ''ana'' ("tsjin" of "wjer-") en χρόνος, ''chronos'' ("tiid"), is in gronologyske tsjinstridichheid op in beskaat mêd, yn it bysûnder as it njonken persoanen, foarfallen, foarwerpen of gewoanten út in oar tiidrek pleatst wurdt. Gauris is it ding dat yn 'e tiid mispleatst is in foarwerp, mar it kin likegoed in útspraak, [[literatuer|literêr]] wurdgebrûk, [[technology]]ske ûntwikkeling, [[filosofy]]sk idee, [[muzyk]]styl, gewoante, de stof wêrfan't in ding makke is of lykfol hokker oar ding ek wêze dat oan in beskate tiidsperioade bûn is en by fersin bûten syn eigentlike tiidsdomein pleatst wurdt. In foarbyld dat gauris jûn wurdt, is dat fan in [[akteur]] dy't yn in film in [[Romeinske Ryk|Romeinsk]] soldaat spilet, mar fergetten is om syn polshorloazje ôf te dwaan.