Oarlochsskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 20:
[[File:HMS_Invincible_(R05).jpg|right|thumb|250px|De HMS ''Invincible'', in [[Grut-Brittanje|Britsk]] [[fleandekskip]].]]
 
Nei de [[útfining]] fan it [[buskrûd]] yn [[Jeropa]] waarden oarlochsskippen foar it earst tarist mei [[kanon (wapen)|kanon]]nen. Dêrtroch feroare de oarlochfiering op see yngripend. Nei de Midsiuwen makken seefarrende naasjes as it [[Keninkryk Portegal]], it [[Keninkryk Spanje]], it [[Keninkryk Frankryk]], it [[Keninkryk Ingelân]], it [[Osmaanske Ryk]], de [[Republyk Feneesje]] en de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] earst bewapene [[keapfardijskip]]pen foar harren [[float]]. Letter waarden mear spesjalisearre oarlochsskippen boud. Yn 'e [[njoggentjinde iuw]] en iere [[tweintichste iuw]] folge in nije modernisearrings troch de útfining fan [[steamskip]]pen en letter [[motorskip]]pen.
 
Oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] en it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]] hiene lannen as de [[Feriene Steaten]], it [[Feriene Keninkryk]], [[Dútslân]] en [[Frankryk]] oarlochsskipstypes as de [[dûkboat]], de [[torpedoboatjager]], de [[kruser]] en it [[slachskip]] yn 'e tsjinst. It hichtepunt fan it bestean fan it slachskip, it grutste soarte oarlochsskip fan syn tiid, wie de [[Slach by Jutlân]] yn 'e [[Earste Wrâldoarloch]] tusken de Britske [[Royal Navy|Keninklike Marine]] en de Dútske [[Kaiserliche Marine|Keizerlike Marine]].