Ferskil tusken ferzjes fan "J.H.J. van Wageningen thoe Dekema"

L
Kategory
(side oer J.H.J.van Wageningen thoe Dekema)
 
L (Kategory)
‘’’Jan Hindrik Jetse van Wageningen thoe Dekema’’’ {Ljouwert 14 novimber 1860 – Jelsum 23 april 1905} heareboer.
 
Jan van Wageningen wenne op [[Dekemastate]] te [[Jelsum]]. De Jelsumers beseagen him as in apart man. Hy rûn in Aldfrysk kostúm. Hy wie ien fan de lêste dragen fan dit kostúm. Doch wa’t sa’n fyftich nei syn dea met Jelsumers oer Jelsum oan ‘e praat rekke, krige wis in ferhaal oer Jan van Wageningen. <br>
Yn ‘t lêst koe Jan de preken net mear ferneare. Der waard yn Jelsum tocht dat van Wageningen wol grifformeard wurde soe. Dy stap wie foar Jan te grut. Yn 1899 rjochte van Wageningen mei meistanders in evangelisaasje op. Se kamen ynearsten gear yn in âlde smidderij. Yn 1901 kaam der in geboutsje klear op Finsterbuorren. Van Wageningen joech de grûn dêrfoar oan de evangelisaasje. It hat in twaspjalt yn it doarp jûn. Guon fûnen it in streek fan van Wageningen. Wat ek faaks meispile hat dat ds. J. Faber, dy’t yn 1901 yn Jelsum kaam te stean, de earste sosjalistyske dominy yn Fryslân west hat. <br>
De evangelisaasje frege om it nachtmiel yn “e tsjerke te hâlden. De tsjerkerie wegere botwei en dat is hyl lang sa bleaun. Doe’t nei de Twadde Wrâldkriich in petear tusken frijsigingen en otterdoksen begûn, hat Jelsum him lang ôfsidich holden. Yn ‘t lêst is de evangelisaasje wer in part fan de herfoarme gemeente fan Jelsum wurden.
[[Kategory:Jelsum]]
56.977

bewurkings