Konsulaat (diplomasy): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 5:
It komt foar dat lannen in problematyske relaasje hawwe en dat in konsulaat de heechste diplomatike fertsjintwurdiging is dy't yn 'e wjersidige haadstêden ûnderholden wurdt, mei't der gjin [[ambassadeur]]s útwiksele binne. Meastal binne konsulaten lykwols 'njonkenfêstigings' fan [[ambassade]]s. Yn in grut gastlân stiet de ambassade fan in oare steat almeast yn 'e haadstêd (of de regearingsresidinsje, as it regear net syn sit hat yn 'e haadstêd), wylst yn oare wichtige [[stêd]]en, ferspraat oer it lân, ferskillende konsulaten fêstige binne. Dêrby wurde grutte konsulaten as 'konsulaat-generaal' oantsjut, en binne lytsere konsulaatsjes gauris bestjoerlik ûnderhearrich oan sa'n konsulaat-generaal.
 
[[Nederlân]] hat bygelyks yn 'e [[Feriene Steaten]] in ambassade yn [[Washington, D.C.]], en konsulaten-generaal yn [[New York (stêd)|New York]], [[Chicago]], [[Miami]] en [[San Fransisko]], mei dêrnjonken noch lytsere konsulaatsjes dy't ûnder it konsulaat-generaal fan San Fransisko falle yn [[Los Angeles]], [[Portland (Oregon)|Portland]], [[Seattle]], [[Phoenix (Arizona)|Phoenix]], [[Salt Lake City]], [[Denver]] en [[Honolulu]]. Yn [[Dútslân]] ûnderhâldt Nederlân njonken in ambassade yn [[Berlyn]] ek ferskate konsulaten-generaal, wêrfan't de wichtichsten fêstige binne yn [[Hamburch]] (mei ûnderhearrige konsulaatsjes yn [[Emden]], [[Bremen (stêd)|Bremen]] en [[Hannover (stêd)|Hannover]]) en yn [[Düsseldorf]] (mei ûnderhearrichheden yn [[Aken (stêd)|Aken]], [[Kleef]], [[Keulen]] en [[Meunster (stêd)|Meunster]].
[[File:Dutch_Consulate_General_in_Cape_Town.jpg|left|thumb|250px|It [[Nederlân]]ske konsulaat yn [[Kaapstêd]] ([[Súd-Afrika]]).]]