Konifearen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 46:
De konifearen wurdt meastal omskreaun as nullebeammen, al hawwe net alle soarten [[nulle (plant)|nullen]], mei't guon [[skob]]bige [[blêd (plant)|blêden]] hawwe. Likegoed foarmet dizze stamme ien fan 'e beide grutte ynformele groepen dêr't beammen ornaris yn ferdield wurde, en wêrby't er foar de [[leafbeam]]men oer steld wurdt. Behalven dat leafbeammen platte, brede blêden hawwe en konifearen net, wurdt gauris sein dat it oare grutte ferskil tusken dy groepen is dat de leafbeammen [[hjerst]]mis har blêdte falle litte, wylst de konifearen har nullen of skobben behâlde. Mar dat is net alhiel wier, mei't beskate konifearen, lykas de [[liere (beam)|liere]], de [[wettersipres]] en de [[moerassipres]] oan it begjin 'e [[winter]] har nullen ferlieze.
 
Hoewol't it tal soarten konifearen yn ferhâlding ta it [[planteryk]] as gehiel relatyf lyts is, binne dizze beammen fan withoe grut belang foar de [[ekology|wrâldekology]]. Konifearen binne de dominante plantesoarten yn ûnbidige gebieten, fral yn 'e nullewâldsône fan it [[noardlik healrûn]] ([[Skandinaavje]], [[Sibearje]], [[Alaska]] en [[Kanada]]), mar teffens yn soartgelikens [[klimaat]]sônes op it [[súdlik healrûn]] (fral yn súdlik [[Sily]] en [[Argentynje|Argentynsk]] [[Patagoanje]]) en yn 'e hegere [[berchtme]]n yn oare dielen fan 'e wrâld. In soad konifearen binne goed oanpast oan winterwaar, û.m. troch har kegelfoarm en ôfhingjende tûken, dy't it maklik meitsje om [[snie]] fuortglydzje te litten foar't it sniedek sa swier wurdt dat de beam derûnder beswykt. In protte soarten feroarje yn it winterseizoen har [[biogemy]] ek, sadat se minder maklik [[befriezing (wetter)|befrieze]], in ferskynsel dat wol "behurding" neamd wurdt.
 
Hoewol't de [[tropysk reinwâld|tropyske reinwâlden]], dy't út leafbeammen besteane, mear [[biodiversiteit]] hawwe en [[soerstof]] oanmeitsje, helje de ûnbidige boreäle nullewâlden mear [[koalstofdiokside]] út 'e [[atmosfear]] wei. Dêrnjonken binne se ek fan grutte [[ekonomy]]ske wearde, yn it foarste plak as helpboarne dy't eksploitearre wurde kin troch de [[hout]]- en [[papier]]yndustry. It hout fan konifearen wurdt [[sêfthout]] neamd (yn tsjinstelling ta [[hurdhout]], dat fan leafbeammen komt).