Deade-Seerôlen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[Ofbyld:Psalms Scroll.jpg|thumb|right|350px|De Psalmerôle, oantsjut as ''11Q5'', mei in transkripsje.]]
De '''Deade-Seerôlen''' binne in samling fan 972 teksten dy't tusken [[1946]] en [[1956]] ûntdutsen binne te [[Qumran|Khirbet Qumran]], yn wat doedestiden noch it [[Grut-Brittanje|Britske]] [[mandaatgebiet]] [[Palestina (Britsk mandaatgebiet)|Palestina]] wie en sûnt [[1947]] it [[Westjordaanlân]] neamd wurdt. De boekrôlen waarden fûn oan 'e noardwestlike kust fan 'e [[Deade See]], dêr't se harren namme oan ûntliene. It is in fynst dy't fan grut [[skiednis|histoarysk]], [[godstsjinst|religieus]] en [[taalkunde|taalkundich]] belang is, om't der de ierst oerlevere manuskripten by binne fan boeken dy't letter ta de [[Kanon fan de Bibel|kanon]] fan 'e ''[[Tenach]]'', de [[joadendom|joadske]] [[Bibel]], komme soene te hearren, en dêrnjonken [[apokryf|apokrife]] teksten dy't grut ynsjoch biede yn it ferskaat oan godstsjinstich gedachteguod fan it joadendom yn 'e lette [[Twadde Timpel|Twadde-Timpelperioade]].
 
De boekrôlen binne skreaun yn it [[Hebriuwsk]], [[Arameesk]], [[Gryksk]] en [[Nabateesk]], almeast op [[perkamint]], mar mei in lyts part op [[papyrus]] of [[brûns]]. Guon derfan binne slim oantaast troch tiid en waar, al mei it suver in wûnder hjitte dat se dochs noch sa lang sa goed bewarre bleaun binne. De manuskripten datearje allegear fan beskate tiden yn 'e perioade tusken 408 en 318 f.Kr. Brûnzene munten, dy't op itselde plak fûn binne, foarmje in trochgeande searje begjinnend mei [[Jehannes Hyrkanus]] (135-104 f.Kr.) en einigjend mei de [[Joadske Opstân]] ([[66]]-[[73]] n.Kr.).