Ferskil tusken ferzjes fan "Kanons fan de Apostels"

bs
(bs)
| skreaun = [[341]] – [[375]] n.Kr.
}}
De '''''Kanons fan de Apostels''''' is in ier [[kristendom|kristlik]] traktaat dat heart ta de [[tsjerkeregel]]s. It is in [[pseudepigraaf|pseudepigrafyske]] tekst dy't sabeare troch de tolve oarspronklike [[apostel]]s skreaun wêze soe, mar dy't yn wurklikheid út [[Syrje]] ôfkomstich is, en mooglik datearret fan 'e midden fan 'e [[fjirde iuw]] (yn elts gefal fan nei [[341]], mei't it swier stipet op it [[Konsylje fan Antiochië]], dat yn dat jier holden waard). De tekst befettet 85 tsjerkewetlike [[Kanon fan de Bibel|kanon]]s, dy't yn [[692]] troch it [[eastersk kristendom|easterske]] [[Konsylje fan Trullo]] befêstige waarden. Yn 'e [[westersk kristendom|westerske tsjerke]] sirkulearren mar fyftich fan dizze kanons, dy't om [[500]] hinne oerset wiene troch [[Dionysius Eksiguus]], en dy't ôfwiisd waarden troch [[paus]] [[paus Konstantinus I|Konstantinus I]] (pont. [[708]]-[[715]]).
 
==Ynhâld==
De ''Kanons fan de Apostels'' hat foar it meastepart te krijen mei it amt en de plichten fan kristlike [[biskop]]pen, de kwalifikaasjes en it hâlden en dragen fan 'e geastlikheid, it leauwenslibben fan 'e kristlike gemeente (mei de klam op seksuële ûnthâlding en [[fêstjen]]), en de [[sakramint]]en ([[doop (sakramint)|doop]], [[jûnsmiel]], [[houlik]]). Teffens giet de tekst yn op [[ekskommunikaasje]], it hâlden fan tsjerklike [[synoade]]n en hoe't men omgean moat mei [[heidendom|heidens]] en [[joadendom|joaden]]. Koartsein is de ''Kanons fan de Apostels'' in handige gearfetting fan 'e wetjouwing fan 'e iere tsjerke.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
13.953

bewurkings