Maeike Sijtsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 24:
Sijtsma waard yn [[1983]] yn [[Fryslân]] [[berne]] en begûn al jong mei [[sang|sjongen]]. Mei [[Femke Hoeksma]] en [[Sanne Hoeksma]] siet se sûnt [[1995]] op in [[koar|bernekoar]], en trijeresom wûnen se yn [[2002]] ûnder de namme [[Flat Out!]] mei it [[liet]] ''Fûgelfrij'' op it Frysk songfestival [[Liet (festival)|Liet]] sawol de [[priis (ûnderskieding)|priis]] fan 'e [[faksjuery]] as de [[publykspriis]].
 
Neitiid neamden Sijtsma-en-dy de groep om ta [[Three-ality]], om't der bûten Fryslân al in [[band]] mei de [[namme]] Flat Out! bliek te bestean. As Three-ality wûnen de [[fammen]] it earste plak op it streeksongfestival fan [[Nederlân]]. Nei in [[toernee]] mei [[Nynke Laverman]] en [[De Kast]] dienen se mei oan in troch [[Leoni Jansen]] organisearre [[toernee|teatertoernee]] troch Nederlân mei as [[titel (namme)|titel]] ''Made in Holland''. Yn [[2009]] brochten Sijtsma-en-dy ûnder begelieding fan [[produsint|muzykprodusint]] en [[arranzjeur]] [[Onno Krijn]] (de [[oarehelte|man]] fan Leoni Jansen) it [[cd|album]] ''’t Minne'' út, mei lieten út 'e [[fyftjinde iuw]] dy't yn guon gefallen op [[tradysje|tradisjonele]], mar yn oare gefallen op moderne wize songen en muzikaal begelaat waarden.
 
Njonken har wurk mei Three-ality wie Sijtsma ek as [[eftergrûnsjongster]] aktyf foar û.m. [[Twarres]] en [[Iris Kroes]]. Fan [[2009]] ôf ferfong se boppedat [[Janna Koussios]] as ''lead''-sjongster fan 'e Fryske band [[SoulDada]], nei't se earder al as ynfalster meiwest hie op toernee yn [[Súd-Afrika]]. Ein [[2011]] ferskynde it album ''Oer de Grins'', wêrfan't de lieten basearre wiene op de ûnderfinings fan 'e bandleden yn Súd-Afrika, en songen waarden yn it [[Afrikaansk]], [[Frysk]], [[Ingelsk]] en [[Frânsk]]. Oer de presintaasje fan ''Oer de Grins'', dy't de foarm fan in [[konsert]] hie dat holden waard yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], wiene de [[resinsint]]en fol lof.
 
Op [[5 oktober]] [[2012]] kaam Maeike Sijtsma yn [[Stiens]] hommels te [[ferstjerren]], doe't se in [[serebraal faskulêr aksidint|oerhaal]] krige. Hja waard net âlder as 29 [[jier]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=