A Civil Campaign: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 44:
Dy konkurrinsje komt trouwens al rillegau opsetten, want Ivan, dy't lulk is oer de wize wêrop't Miles him syn earewurd ôfhandich makke hat, lit op it haadkertier Operaasjes fan 'e Barrayareeske Striidkrêften, dêr't er wurket, hjir en dêr Ekaterin har namme falle yn it gehoar fan ofsieren dy't om in frou ferlegen sitte. Fral luitenant Alexi Vormoncrief, in drûchbrea sûnder ienich ynlibbingsfermogen yn froulju, grypt dy kâns mei beide hannen oan en stjoert al gaueftich in ''baba'', in tradisjonele Barrayareeske keppelster, op Ekaterin ôf om harren houlik te beävensearjen — in útstel dat Ekaterin rislút fan 'e hân wiist.
 
Underwilens komme Miles syn [[kloane|kloan]]-broer Mark en dy syn freondinne Kareen Koudelka thús nei in jier studearre te hawwen op 'e progressive [[planeet]] Bêta Koloanje. Mark hat dêr njonken syn stúdzje teffens psychoterapy ûndergien (dy't op Barrayar net beskikber is) foar de mishannelings út syn jonkheid troch de Komarraanske terroristen dy't him grutbrocht hawwe (sjoch: ''[[Brothers in Arms (science fiction-roman)|Brothers in Arms]]''). Boppedat binne hy en Kareen dêr minners wurden. Mar hoewol't frije leafde op Bêta Koloanje hiel gewoan is, leit it op it konservative Barrayar, dêr't Kareen wer by har âldelju ynlûkt, noch hiel gefoelich. Kareen ûndekt fierders dat har heit en mem, better bekend as Kou en Drou, finansjeel oan 'e grûn sitte en net, sa't sy hope hie, bydrage kinne oan in folgjend stúdzjejier op Bêta Koloanje.
 
Mark hat ûnderweis nei Barrayar in sawol saaklike as medyske tuskenstop makke op Escobar, dêr't er de geniale mar betize wittenskipper dr. Enrique Borgos mette. Borgos stie doe op it punt om it tichthús yn te draaien fanwegen frauduleuze praktiken (hy hie foar 580% fan syn bedriuw oandielen útjûn), mar Mark, dy't in noas hat foar winstjaande saken, hat him fan 'e planeet smokkele en meinommen nei Barrayar. Borgos, in genetikus, is nammentlik de skepper fan 'e saneamde "bûterbistkes", ûnsjogge ynsekten dy't alderhanne biomatearje frette en dêrfan in diel wer opkoarje yn 'e foarm fan "bistkebûter" (of "toarrekoarre", sa't Miles it neamt), dat as basis tsjinje kin foar de meast útinoarrinnende gerjochten. Mark freget Kareen, dy't om in baantsje ferlegen sit wêrmei't se jild fertsjinje kin foar har kommende stúdzjejier, om 'e assistinte fan dr. Borgos te wurden, mei't de man net los fertroud is. Al syn jild sit lykwols fêst yn syn sakeûndernimmings, dat dêrom makket er Kareen in partner yn 'e bûterbistke-business.