Moä's: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 53:
Moä's kamen inkeld foar op it [[Noardereilân (Nij-Seelân)|Noardereilân]] en it [[Sudereilân (Nij-Seelân)|Sudereilân]] fan [[Nij-Seelân]], dêr't se tûzenen jierren lang de dominante [[fûgel]]soarten wiene. It wiene [[herbivoar]]en dy't yn 'e [[wâld]]en, op 'e [[savanne]]s en yn 'e legere [[berch|bergen]] libben. Se hiene yn Nij-Seelân, dat 80 miljoen jier lang sterk fan 'e bûtenwrâld isolearre west hie, frijwol gjin natuerlike fijannen, útsein de ûnbidich grutte [[haastearn]] of Haasts earn (''Harpagornis moorei''). Men rûst dat er omtrint [[1280]], doe't de [[Maoary (folk)|Maoary]] Nij-Seelân foar it earst berikten fanút harren [[Polyneezje|Polynezyske]] heitelân, sa'n 58.000 moä's (fan alle njoggen soarten mei-inoar) yn Nij-Seelân libbe hawwe moatte.
 
It útstjerren fan 'e moä's, dat tusken [[1420]] en [[1460]] syn beslach krigen hawwe moat, waard benammen feroarsake troch [[oerbejaging]] troch de Maoary, en yn mindere mjitte troch ferlies oan [[habitat]] trochdat de Maoary in diel fan 'e wâlden kappen. It ferdwinen fan 'e moä's doemde ek de haastearn ta útstjerren, mei't dy [[predaasje|rôffûgel]] yn lykwicht mei de moä's [[evolúsje|evoluëarre]] wie en sûnder harren net bestean koe. Resint ûndersyk wêrby't gebrûk makke is fan [[koalstofdatearring]] fan moä-bonken hat útwiisd dat it útstjerren fan 'e moä's yn in goed iuw tiid plakfûn hat, en net nei ferskate iuwen fan bejaging en oare foarmen fan ekploitaasje (lykas it stellen fan [[aai (bist)|aai]]en), sa't earder tocht waard.
 
Guon saakkundigen hingje de teory oan dat lytse groepkes [[berchmoä|berchmoä's]] (''Megalapteryx didinus'') oant yn 'e [[achttjinde iuw|achttjinde]] en [[njoggentjinde iuw]] noch yn úthoeken fan Nij-Seelân oerlibbe hawwe kinne, mar dy miening wurdt net dield troch it meastepart fan 'e [[wittenskip]]like mienskip. Nettsjinsteande dat binne der dokumintearre ferslaggen fan Maoary dy't noch yn 'e [[1770]]-er jierren bewearden op [[jacht (aktiviteit)|jacht]] te wêzen nei moä's. Ek besteane der ferskate ferslaggen fan [[jeropide ras|blanke]] [[seelju]] en [[walfiskfarder]]s dy't om dyselde tiid hinne meunstereftich grutte fûgels oan 'e kust fan it Sudereilân sjoen hawwe soene.