Moä's: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 66:
[[File:Moa foot.jpg|left|thumb|200px|In [[mummifikaasje|mummifisearre]] moäpoat.]]
 
==Weropstanning troch genetysk kloanjenkloanen==
Moä's wurde gauris neamd as potinsjele kandidaten foar it op 'e nij libben yn blazen fan útstoarne bistesoarten troch it [[kloankloane]]jenn fan [[genetika|genetysk]] materiaal dat bewarre bleaun is yn 'e foarm fan [[bonke]]n en [[mummifikaasje|mummifisearre]] lichemsresten. De ikoanyske status dy't moä's yn [[Nij-Seelân]] wûn hawwe, yn kombinaasje mei it feit dat der in grutte hoemannichte fan sok genetysk materiaal bestiet en it feit dat de bisten, oars as bgl. de [[mammoet]], noch mar relatyf resint útstoarn rekke binne, hat makke dat moä's, krekt as bgl. de [[dodo]] fan [[Mauritsius]] en de [[bûdelwolf]] fan [[Tasmaanje]], yn dit ferbân faak neamd wurde.
 
Foarriedich wurk op dit mêd, de ekstraksje fan [[DNA]] út âlde bonken ynbegrepen, is al ferrjochte troch de [[Japan]]ske [[genetikus]] [[Ankoh Yasuyuki Shirota]]. Mids [[2014]] stelde it Nijseelânske parlemintslid [[Trevor Mallard]] foar dat it werom ta libben bringen fan guon lytsere soarten moä's binnen de kommende fyftich jier helber wêze moat. Hoewol't dy útspraak troch in protte lju fuorthúnd waard, krige Mallard byfal fan guon foaroansteande ekspêrs op it mêd fan 'e [[natoer]]histoarje.