Grinzer Feankoloanjes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 2:
[[Ofbyld:Hoogveenontginning door Jacobus Sibrandi Mancadan.jpg|thumb|250px|It oanmeitsjen fan it heechfean yn de omkriten fan Wildervank om 1650 hinne, skildere troch [[Jacobus Sibrandi Mancadan]]]]
De '''Grinzer Feankoloanjes''', of yn 't koart: de ''Feankoloanjes'', is de namme fan in gebiet yn it súdeasten fan de provinsje [[Grinslân]]. It omfiemet it grûngebiet fan de eardere gemeente [[Hegesân-Sappemar]] (no part fan de gemeente [[Midden-Grinslân]]), de gemeenten [[Feandam]], [[Pekela]] en [[Stedskanaal (gemeente)|Stedskanaal]], in part fan de eardere gemeente [[Menterwâlde]], dat no ek part fan Midden-Grinslân is, en [[Vlagtwedde (gemeente)|Vlagtwedde]], dat no part fan de gemeente [[Westerwâlde (gemeente)|Westerwâlde]] is. It foarheaksel "Grinzer" ferwiist nei de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] en net nei de provinsje. De stêd hie it sizzenskip oer de [[feanterij]]. It wiene winliken koloanjes fan de stêd. Yn in tal plakken, sa as bygelyks Stedskanaal, is dat noch hieltyd werom te sjen yn it gemeentewapen en de gemeenteflagge.
Oant yn de [[santjinde iuw]] wie der suver gjin bewenning yn it gebiet, dochs allinne in bytsje by de rânen del dêr't wat [[Turf (brânstof)|turf]] ôfgroeven waard. Dêrnei is suver alle turf ôfgroeven en is der alhiel in nij gea ûntstien, dêr't de [[Lintdoarp|lintbebouwing]], by njonkelytsen al wer tichtsmiten [[Kanaal (wetterwei)|kanalen]] del, oerhearsket.
 
== Fean ==