Dunkirk (film út 2017): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Rigel 36:
Yn [[Dúntsjerk]], oan 'e [[kust]] fan [[It Kanaal]], binne ûnder de [[Slach om Frankryk]] yn [[maaie]] [[1940]] de hiele [[Britske Ekspedysjemacht (1940)|Britske Ekspedysjemacht]] op it [[fêstelân]] fan [[Jeropa]] en frijwat [[Frankryk|Frânske]] [[troepen]] ôfsnien rekke fan 'e rest fan it [[Frânske Leger]]. Se wurde besingele troch in [[nazy-Dútslân|nazy-Dútske]] legermacht en driigje harren [[oerjefte|oerjaan]] te moatten as se net nei [[Ingelân]] ta [[evakuëarre]] wurde kinne. Tommy, in jonge Britske [[soldaat]], oerlibbet as iennichste fan syn ienheid in [[sjitpartij|fjoergefjocht]] mei Dútske troepen binnen de [[beboude kom]] fan Dúntsjerk. Hy wit te ûntkommen nei it [[strân]], dêr't er in oare Britske soldaat treft, Gibson, dy't krekt in maat fan sines oan it [[begraffenis|begraven]] is. Tommy helpt him en de jonges diele swijend in slokje út in [[fjildflesse]].
 
Op it strân treft Tommy tûzenen Britske soldaten oan dy't yn fertwifeling wachtsje op evakuaasje. Om't er sa gau mooglik fuort wol en net ree is om syn beurt ôf te wachtsjen, siket er nei in mooglikheid om foar te kringen. Dy fynt er as er nei in oanfal fan in Dútske [[Junkers Ju-87|Junkers Ju-87 "Stuka"-dûkbommesmiter]] Gibson wer treft by in plak dêr't in [[swierferwûne]] Britske soldaat op in [[brankaar]] efterbleaun is. Se wikselje ien blik út en dogge har dan foar as [[brankardier]]s, dy't de ferwûne oer it strân en de [[pier (bouwurk)|pier]] nei it [[hospitaalskip]] bringe moatte sadat er sa gau mooglik nei Ingelân evakuëarre wurde sil. Tommy en Gibson wurde lykwols, nei't se de ferwûne oan board brocht hawwe, wer fan it skip ôf stjoertôfstjoerd; dêrop hâlde se har tusken de balken ûnder it dek fan 'e pier beskûl, harren kâns ôfwachtsjend om wer oan board te glûpen.
{{Plotbedjer film}}
By in nije oanfal fan in dûkbommesmiter wurdt it hospitaalskip lykwols rekke, en it sinkt, wêrby't alle ferwûnen oan board [[ferdrinking|ferdrinke]]. Tommy helpt Alex, in soldaat dy't oerboard sprongen is, út it wetter foar't er tusken de pier en it kapseizende skip ferplettere wurde kin. Neitiid jouwe Tommy en Gibson harren by de ienheid fan Alex, wêrmei't se oan board geane fan in [[torpedoboatjager]]. Dy wurdt lykwols [[nacht]]s [[torpedo (wapen)|torpedearre]] troch in Dútske [[dûkboat|U-boot]]. Gibson rêdt it libben fan Tommy en Alex, en trijeresom [[swimmen|swimme]] se werom nei it strân.