Reap the Wild Wind (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Rigel 36:
Neitiid ûntdekt Aryl, dy't sels net wit wat se dien hat, dat [[teleportaasje]] in fermogen is dat mank de Om'ray soms foarkomt, hoewol nea sa sterk as by har. Mar it is in ferbean [[talint]], dat ferburgen holden wurde moat, om't it in feroaring is dy't tsjin 'e ôfspraken mei de Oud en de Tikitik yngiet. Wat ek tsjin dy ôfspraken yngiet, is dat de Yena net genôch ''dresel'' hawwe om oan 'e Tikitik te jaan yn ruil foar [[ljocht]]jaande [[technology]] dy't [[nacht]]s de gefaarlike rôfdieren fan it oerwâld by harren wenten wei hâldt. Aryl har [[mem]], Taisal di Sarc, de Sprekster fan 'e Yena, [[ûnderhanneling|ûnderhannelet]] mei de Sprekker fan 'e Tikitik, en hja komme ta in [[kompromis]]: de Yena jouwe de helte (ynstee fan twatrêde part) fan harren ''dresel'' oan 'e Tikitik en krije yn ruil dêrfoar in sels útkeazen diel fan 'e nedige technology.
 
Dat betsjut lykwols noch altyd dat der fierstente min iten is om it jier troch te kommen. Drastyskte maatregels binne nedich om in kâns te hawwen om te oerlibjen. Yn it foarste plak wurde alle geslachtsripe jongemannen op Passaazje stjoertstjoerd sadat der minder mûlen binne om te foljen. Under harren is ek Bern Teerac, en sa moat de [[fereale]] Aryl tasjen hoe't har frijer ôfset út Yena op 'e siik nei in nij bestean en in oare [[oarehelte|frou]] by ien fan 'e oare Om'ray-clans.
{{Plotbedjer}}
As Aryl letter, op 'e sneup nei de krap oanwêzige ytbere [[frucht (plant)|fruchten]] fan it oerwâld, op frjemdlingen stjit dy't dúdlik deselde technology brûke as it fleanende ding dat ûnder de rispinge ûntploft is, wurdt se dêrnei troch in groep Tikitik [[ûntfiering|ûntfierd]]. De lieder fan dy groep neamt himsels Tinzereizger, en jout Aryl de namme Yn-Ofsûndering-fan-Oaren. Hy wol dat Aryl har bejout nei in basis dy't de frjemlingen midden yn 'e foar de Tikitik [[hillich plak|hillige]] Mar fan Fjoer fêstige hawwe. Dêr moat hja foar him [[spion]]earje; hy riddenearret dat de frjemdlingen in Om'ray earder fertrouwe sille as in Tikitik, om't de frjemdlingen en de Om'ray as twa drippen wetter opinoar lykje. Aryl hat gjin oare kar as om oan Tinzreizger syn easken te foldwaan.