Winterfair Gifts: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
st
Rigel 38:
De brulloft sil plak fine op 'e Barrayareeske winterhjeldei Wintermerke en gasten komme fan fier en hein, guon sels fan oare [[planeet|planeten]]. Ien fan dylêsten is serzjant Taura, in eardere ûnderhearrige en minneresse fan Miles doe't dy noch de Frije Dendarii Hierlingen oanfierde en no in goede freondinne fan him. Taura begûn har libben as in genetysk eksperimint om 'e ideäle soldaat te skeppen, mar waard troch Miles befrijd (sjoch: ''[[Labyrinth (science fiction-novelle)|Labyrinth]]''). Hja hat in meunsterlik uterlik fan hast reuseftige grutte, mei klauwen en slachtosken. Troch har flugge [[stofwikseling|metabolisme]] is se ûnbidige sterk, mei refleksen as de wjerljocht, mar dy flugge stofwikseling makket ek dat se folle hurder ferâlderet as normale minsken. Roic kriget no as opdracht om har op ferskate útstapkes te begelieden om derfoar te soargjen dat har uterlik op it fan mutaasjes grizende Barrayar net foar opskuor soarget. Hoewol't se him earst mear frijwat yntimidearret, begjint er har geandewei hieltyd aardiger te finen.
{{Plotbedjer}}
Underwilens liket Ekaterin tsjin har houlik oan te skytskoarjen. Se hat swiere pineholle en ûnferklearbere gûlbuien. De deis foar de brulloft is se sels sa siik dat se de hiele dei it bêd hâlde moat. Dy jûns trappearret Roic, dy't dy wyks nachtwekker is yn 'e Vorkosigan-residinsje, Taura op it stellen fan ien fan 'e brulloftsgeskinken, of sa liket it alteast. It is in trijfâldich pearelkoljee dat stjoertstjoerd is troch in goede freon fan Miles. Lykwols, Taura leit út dat ien fan har genetyske modifikaasjes is dat se justjes fierder as gewoane minsken yn it [[ultrafiolet]]te spektrum sjen kin; en de pearels sjogge der foar har eagen smoarch út. Boppedat hat se opmurken dat Ekaterin har swierrichheden begûn binne nei't se it koljee bewûndere hie. Mei't Miles Vorkosigan in ryksauditeur en persoanlike freon fan 'e keizer is, beslút Roic om kontakt op te nimmen mei de Barrayareeske geheime tsjinst ''ImpSec'' en it koljee oan harren oer te dragen.
 
In pear oeren letter komt fan ''ImpSec'' it berjocht dat de pearels oerdutsen binne mei in spesjaal ûntwurpen senuwgif, dat by langere bleatstelling deadlik west hie. De oare deis al kinne se ek sizze wa't de dieders binne: hear Vorbataille en syn Jacksoniaanske sakepartners, wa har kriminele organisaasje oft Miles yn syn funksje fan ryksauditeur koartby oprôle hat. Ekaterin hat net langernôch mei it gif yn oanrekking west om bliuwende gefolgen te feroarsaakjen; de brulloft kin trochgean. Ynstee fan Martya Koudelka, dy't earst har tsjûge wêze soe, freget Ekaterin no Taura foar dy earefunksje. Jûns, op 'e brulloft, meldt haadkriichsman Pym, dy't eigenhandich alle brulloftsgeskinken kontrolearre hie mar yn it gefal fan 'e pearels dus in rare flater slein hat, oan Roic dat hysels de kommende wike de nachttsjinst oernimme sil; Roic is fan no ôf oan mei dûbelbetelle ferlof. Letter dy jûns grypt Roic einlik de kâns dêr't er al in stikmannich dagen omhinne daiket, nammentlik om oan Taura blike te litten dat er fereale op har wurden is. De novelle einiget mei harren begjinnende românse.