Changes (roman fan Jim Butcher): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
st
Rigel 31:
It docht bliken dat Susan en Martin folge binne út [[Gûatemala]] wei nei Chicago ta, as in seistal fampieren fan it Reade Hôf harren oer it mad komt. Harry, dy't syn [[selsbehearsking]] noch altyd net wer alhiel weromfûn hat, deadet trije fan 'e wêzens mei sielefjoer, dat in [[aartsingel]] him leard hat te brûken (sjoch: ''[[Small Favor]]''), wylst Martin in fjirdenien út 'e ljochten helpt. Twa witte lykwols te ûntkommen. Yn it kantoar fynt Susan in [[blaudruk]] fan it kantoargebou, dêr't út blykt dat om Harry syn detektiveburo hinne allegear [[springstof|eksplosiven]] yn 'e [[muorre]]n oanbrocht binne. (Harry beseft dat dat dien wêze moat doe't der sabeare [[asbest]] út it gebou ferwidere waard.) Susan, Martin en Harry witte krekt op 'e tiid út it gebou te kommen ear't it opblaasd wurdt. Neitiid bejouwe Susan en Martin harren nei in ûnderdûkadres fan it Genoatskip om te sjen oft se [[ynformaasje]] fan 'e [[hurde skiif|hurde skiven]] helje kinne dy't se út 'e [[kompjûter]]s yn it kantoar [[dieverij|stellen]] hawwe.
 
Underwilens giet Harry nei hûs, dêr't er de komst fan 'e [[plysje]] ôfwachtet. Yndie stiet net folle letter syn goede [[freonskip|freondinne]] Karrin Murphy, in [[resjersjeur]] fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan it [[Chicago Police Department]], by him foar de doar. Hja hat heard dat it kantoargebou dêr't syn detektiveburo fêstige wie, opblaasd is, en se nimt oan dat er wer ris immen tsjin it hier yn strutsen hat. As Harry har de saak útleit, biedt se daliks har help oan en seit se boppedat ta om besykje te sillen en hâld de plysje fierders by him wei. Nei in koart [[nacht]]sje ljochtet Harry de oare [[moarn (deidiel)|moarns]] ek syn [[learling]]e Molly Carpenter yn oer wat der geande is. Mei har set er fia in slûprûte troch it Nevernever, de [[parallelle wrâld]] fan it boppenatuerlike, ôf nei [[Edinburgh]], dêr't it [[haadkertier]] fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij fêstige is. Harry [[hope]]t dêr help te besetten fan syn mei-tsjoenders, mar as se dêr arrivearje, docht bliken dat it Reade Hôf krekt in nije [[ambassadeur]] stjoertstjoerd hat dy't de slepende [[oarloch]] tusken de beide organisaasjes beëinigje moat. Dy ambassadeur is nimmen oars as Arianna Ortega.
{{Plotbedjer}}
De ûntfangst fan Arianna is beävensearre troch Gregori Cristos, it nijste lid fan 'e Hege Ried, it [[bestjoer]] fan 'e Wite Ried. Dat is deselde dy't Harry en syn âlde [[mentor]] Ebenezar McCoy derfan fertinke dat er in ynfiltrant is foar de Swarte Ried (sjoch: ''[[Turn Coat]]''), in skimige organisaasje dy't al jierrenlang fan efter de skermen de Wite Ried tsjinwurket. Yn 'e grutte [[seal (romte)|seal]] presintearret Cristos Arianna krekt oan in [[publyk]] fan tsjoenders as Harry en Molly dêr binnenkomme. Der ûntstiet trelit en it komt hast ta in konfrontaasje tusken Harry en Arianna, foar't Anastasia Luccio, de [[kaptein (rang)|kaptein]] fan 'e warders fan 'e Wite Ried, Harry út 'e seal wit te loadsen. Neitiid nimt Luccio Harry en Molly mei nei in fertrek dêr't se net ôfharke wurde kinne. Harry, dy't Luccio ymplisyt [[fertrouwen|fertrout]] om't se in skoft lang in [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] hân hawwe, leit har út wat der geande is. Luccio biedt oan om him te helpen troch syn eagen en earen te wêzen yn it haadkertier fan 'e Wite Ried.