Eije Wijkstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
red
Rigel 14:
Wijkstra waard berne as jongste fan fiif bern fan IJe Hendriks Wijkstra en Sjouktje Derks van Bolhuis. Syn heit wie los-arbeider, dat hy hie gjin fêst wurk en gjin fêst ynkommen. It skynt dat syn beide âlden min mei-elkoar koene; se hienen skeel oer it leauwe en der waard ek wol slein.
 
Nei de [[legere skoalle]] gie IJe yn de lear as mitselder. Tegearre mei syn heit soe er ek streupt hawwe, yn alle gefallen koe er goed omgean mei in [[gewear]].
 
IJe kin as betûft foeger aardich syn brea fertsjinje. Hy bleau by syn mem yn 'e hûs en soe [[anargisme|anargist]] west hawwe. Hy moat neat hawwe fan guon dy't boppe him steane. IJe miende sels dat er te lijen hie fan in [[senuwsykte]]. Neffens eigen sizzen hat er ienris in [[senuwdokter]] yn Grins rieplachte en dy soe him in skoftke behannele hawwe. Yn dy tiid spile er harmonika en mocht er graach lêze, ûnder oaren wat wurk fan [[Friedrich Nietzsche]].
 
Wykstra stie net op in minne namme en hie komselden mei justysje yn oanrekking west. Guon miene dat syn kontakten mei de beruchte [[Durk Tabak]] fan [[Stynsgea]] en [[Jan Hut (Drachten)|Jan Hut]] fan [[Drachten]] him gjin goed dien hawwe. Mei harren spile Wykstra wol op brulloften en feesten.
 
== Aaltsje en de moarden ==
Yn [[1928]] krijt er in ferhâlding mei Aaltje Wobbes-vander Tuin, it wiif fan syn freon Hendrik Wobbes út Opende, dy't fêst sit foar stellerij. Neffens de oerlevering hat Aaltsje in soad ynfloed op IJe. Hy bliuwt 14 dagen by har. In skoftke letter giet Aaltje by IJe yn en lit se har seis bern sitte. Mem Wykstra kin der net oer en giet fuort.
 
Fanwegen it oan harren lot oerlitten fan de bern, wol [[rjochterlike macht|Justysje]] yn [[Grins (stêd)|Grins]] Aaltsje hearre. De [[boargemaster]] fan [[Gruttegast (gemeente)|Gruttegast]] wurdt hjitten om Aaltsje te arrestearjen en nei Grins bringe te litten. Blykber foarsjocht de boargemaster swierrichheden, want hy stjoert leafst fjouwer [[fjildwachter]]s, twa gemeentlike (Aldert Meijer en Mient van der Molen) en twa ryksfjildwachters (Jan Werkman en Herman Hoving).
 
Op [[18 jannewaris]] [[1929]] wachtet Wijkstra de fjildwachters op mei in [[revolver]] en in [[karabyn]]. Neffens de ferhalen frear it dy deis 18 graden. It slagget IJe om alle fjouwer plysjes del te sjitten, by trije fiket er letter de kiel noch troch. Hy rekket sels licht ferwûne, stekt it hûs yn de brân, bringt Aeltsje ûnder by in neef en flechtet nei Grins. Op wei nei it sikehûs wurdt er oanhâlden.
 
== Nei de moard ==
Yn april 1929 wurdt er troch de [[rjochtbank]] in Grins ta libbenslang feroardiele foar trije kear deaslach en ien kear moard. Ek yn april skriuwt Wykstra syn libbensferhaal op fersyk fan in reklassearringsamtner. Yn [[heger berop]] makket it Hôf yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] der op 26 maaie 1930, 20 jier fan foar fjouwer kear deaslach.
Yn [[1941]] wurdt Wykstra fan de Ljouwerter finzenis oerpleatst nei it Rykskranksinnigegesticht te [[Woensel]] (Eindhoven). Dêr komt er in pear wike letter te ferstjerren oan de gefolgen fan [[tuberkuloaze]]. Hy wie doe 45 jier. Op [[10 juny]] [[1941]] waard er te Eindhoven beïerdige.
 
Aaltsje Wobbes wurdt ta in jier finzenis feroardiele út reden fan it fertutearzjen fan har bern.