Caspar de Robles: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 34:
Kolonel De Robles wie yn de tiid fan Alderheljenfloed net yn Fryslân, mar yn Grinslân. Hy soe dêr mei syn mannen de lieding nommen hawwe by it rêden fan de drinkelingen, en hy soe boppedat tydlike frijdom fan belesting frege hawwe neffens P.C. Bor en P.C. Hooft. Mar De Robles sels skreau oan Alva op 9 novimber 1570 dat de boargers fan de stêd Grins nei it plattelân gien wiene om help te bieden en dat wat der barde allinne oan har grutte iver te tankjen wie.<ref>Vries, dr. K. de en Winsemius, dr. J.P. (eds.) De Allerheiligenvloed van 1570 (Ljouwert 1970 ssiden 49, 50, 125</ref> Noch altyd wurdt de ferzje fan Bor en Hooft ferteld, dy fan De Robles net.
 
Omtrint 1725 blykte De Robles foar in soad skriuwers de Fryske ''dijker en graver'' te wêzen. Hy soe it [[Knillesdjip]] fan de [[Burgumer Mar (mar)|Burgumer Mar]] grave litten hawwe nei [[Strobos]]. No wie De Robles yn 1575 wol belutsen by in plan om mei fan de stêd Grins ôf in farferbining te meitsjen nei de Lauwers, de grinsrivier tusken Fryslân en Grinslân, mar dat plan is nei alle gedachten yn 1576 net alhiel útfierd. Yn elk gefal waard dat wat yn it Grinzer Westerkertier trochgroeven wie, nei Caspar syn fêstnimming wer ticht smiten. Oer bemuoienis fan De Robles mei it Fryske Kolonelsdjip is nearne wat fêstlein.
 
== Literatuer ==