Stedsrjocht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st: 'út'e' -> 'út 'e'
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 10:
Al ûnder de Romeinen krige [[Nijmegen]] merkerjochten. Fanôf it jier 1000 waarden privileezjes troch lânhearen oan delsettingen jûn. Somtiden bewust om stedsfoarming te befoarderjen. Sûnt it momint dat dizze privileezjes yn ien kear as totaalpakket oanbean waarden, sprekke wy fan ''stedsrjochten''. Stedsrjochten makken fan in delsetting in oantreklike festigingsplak foar keaplju. Fan de ekonomyske bloei dy't hjirfan it resultaat wie, profitearre de hear troch it heffen fan [[belesting (fiskaal)|belestingen]].
 
Yn de Lege Lannen waarden de earste stedsrjochten yn de tolfde iuw ferliend. Ze wiene basearre op de rjochten dy't de stêd [[Atrecht]] yn de rin fan 'e tiid mei de Greven fan Flaanderen oerienkomd wie. Dy rjochten waarden hieltiten faker oan nije Flaamske stêden ferliend. De Hartoggen fan Brabân namen de rjochten fan [[Leuven]] as foarbyld. De greven fan Hollân namen dit Leuvenske model oer. De Hartoggen fan [[Gelre (hartochdom)|Gelre]] namen de stedsrjochten fan [[ZutphenSutfen (stêd)|Sutfen]] as foarbyld. Yn Gelderlân wie [[NijmegenNymwegen]] in útsûndering. As [[Ryksstêd]] wienen de stedsrjochten fan [[Aken (stêd)|Aken]] it foarbyld. Stedsrjochten waarden dus, soms mei lichte wizigings, oernommen fan de rjochten fan oare stêden, de san. memmestêd. Wannear't yn de dochterstêd juridyske ûnienigens ûntstie, gie men op "stêdefeart" nei de memmstêd om dêr útlis fan it rjocht te freegjen.
 
Fan de [[13e iuw]] ôf waarden bepaalde rjochten ek los fan de hear ôfkundige. Lânhearen probearren wol sizzenkip te hâlden op de gearstalling fan it stedsbestjoer. It stribjen fan de stêd wie der trochgeans op rjochte om dêr ek folslein frij yn te wurden.