Karel V: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 2:
[[Ofbyld:Karl V. (HRR).jpg|right|thumb|230px|Keizer Karel V]]
 
'''Karel V''' ([[Gint (stêd)|Gint]], [[24 febrewaris]] [[1500]] – [[San Yuste]], [[21 septimber]] [[1558]]), foar syn mûlichferklearring '''Karel fan Lúksemburch''' neamd, út it Hûs [[Hûs Habsburch]], wie sûnt [[1506]] foarst fan de measte [[Nederlannen|Nederlânske gewesten]], fan [[1516]] oant [[1556]] as '''Karel I''' kening fan [[Spanje]] en fan [[1519]] oant [[1556]] as '''Karel V''' keizer fan it [[Hillige Roomske Ryk]], yn de Nederlannen algemien bekend as '''Keizer Karel'''.
 
== Family en opfieding ==
Karel wie de soan fan [[Filips I fan Kastylje|Filips de Skiene]] en [[Jehanna fan Kastylje]], dy't de skiednis yngean soe as Johanna de Dwylsinnige. Hy waard grutbrocht yn de Nederlannen troch syn muoike [[Margareta fan Eastenryk]] en syn [[tutor]], Adriaan fan Utert, de lettere [[Paus Adrianus VI]]. Yn [[1506]], doe't syn heit [[Filips I fan Kastylje|Filips de Moaie]] stoar, erfde hy de Nederlannen en it Frijgreefskip Bourgonje ([[Franche Comté]]). Syn pake [[Maksimiliaan I]] soe oant [[1515]] it regintskip waarnimme foar de minderjierrige Karel.
 
== Maksimiliaan as regint foar Karel ==
Rigel 25:
 
== Nederlannen ==
Karel V hie as doel om de [[Nederlannen]] om te foarmjen ta ien steat. Mei de [[Frede fan Kamerijk]] (1529) befrijde hy [[Flaanderen]] en [[Arteezje]] fan harren lienferbân mei de Frânske kening, op dat momint [[Frâns I fan Frankryk|Frâns I]]. Mei de ferovering fan [[Gelre (hartochdom)|Gelre]] ([[1543]]) foltôge hy de ienmakking fan de Nederlannen. Mei de [[Transaksje fan Augsburch]] ([[1548]]) ferswakke hy it lienferbân fan de Nederlânske gebieten (de [[Santjin Provinsjes]]) tsjinoer de keizer fan it [[Hillige Roomske Ryk]]. Hy foltôge syn stribjen mei de [[Pragmatike Sanksje]] ([[1549]]), in amendemint yn it famyljerjocht fan de [[Habsburg]]ers dat ynhold dat de [[Lege Lannen (steatkunde)|Nederlannen]] hieltyd ien en ûnferdield oererfd wurde soenen.
 
== Spanje ==
Rigel 32:
Oant syn troansôfstân yn 1556 bleaun hy mar koart yn syn Spaanske gebieten. Wol joech hy ûnder syn houliksreis yn [[1527]] de opdracht it renêssânsistyske [[Paleis fan Karel V]] te bouwen yn it doe al beroemde [[Alhambra]] yn [[Granada]].
 
Trije dagen nei syn troansôfstân reizge Karel V oer [[Flissingen (stêd)|Flissingen]] nei [[San Yuste]] yn [[Ekstremadura]], de earme streek yn it westen fan Spanje tsjin de Portugeeske grins. Yn in paleiske njonken it kleaster [[San Jeronimo]] luts hy him werom. Dêr stoar hy op [[21 septimber]] [[1558]] en waard steande begroeven yn in krypte ûnder it alter fan it kleaster.
 
== Bestjoersyndieling ==