Hartochdom Boergonje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 14:
}}
 
It '''Hartochdom Boergonje''' wie tusken [[880]] en it begjin fan de [[15e iuw]] in [[feodalisme|feodaal]] gebiet mei in soad selsstannichheid yn it [[Frânske ryk]]. It bestie út in grut part fan de feriene Boergonjeske gewesten, haadstêd wie [[Dijon]]. Boergonje waard regeard troch hartoggen, wêrfan [[Karel de Stoute]] de lêste wie. Hy ferstoar yn [[1477]], wêrnei't it súdlike part fan it hartochdom ûnder de Frânske kroan fan Kening [[Loadewyk XI fan Frankryk|Loadewyk XI]], wylst de [[Lege Lannen]] by [[Hûs habsburch|Habsburch]] kamen.
 
== Untstean ==
Rigel 28:
De Ingelske kening [[Hindrik V fan Ingelân|Hindrik V]] hie yn de geheim in ferbûn mei Jan sûnder Eangst sletten en by de [[Slach fan Agincourt]] wienen Boergonjeske militêren net oanwêzich. It Frânske leger waard yn dy slach fernietige. Yn [[1418]] feroveren Boergonjeske militêren [[Parys]], mar de dauphin [[Karel VII fan Frankryk|Karel VII]] koe ûntkomme. Karel de Dwylsinnige waard troch Boergonje ûnder druk setten om net Karel VII, mar de soan fan Hindrik V as troanopfolger te beskôgjen. Dêrmei waard de troan fan Frankryk nei Ingelân oerjûn.
 
Yn [[1419]] waard Jan sûnder Eangst op [[10 septimber]] fermoarde troch militêren fan de dauphin, mar dit koe net tsjingean dat op [[6 novimber]] [[1429]] net Karel VII, mar de jonge [[Hindrik VI fan Ingelân]] de Frânske troan krige. Jan syn soan [[Filips de Goeie]] wie no hartoch fan Boergonje, en mei diplomatike setten bewarre hy de frede mei it leger fan de dauphin en Ingelân. Filips slagge deryn syn ryk út te wreidzjen mei parten fan de Lege Lannen. Tsjin [[1451]] omfieme it Boergonjeske gebiet de Lege Lannen, útsein [[Fryslân]], [[Gelre (hartochdom)|Gelre]] en [[Brabân-Limboarch]] en ek sûnder [[Luik (stêd)|Luik]] en in tal lytsere gebieten dy’t nea ta de [[Santjin Provinsjes]] heard hawwe. Gelre en Brabân-Limboarch wienen doe al fasallen en ek [[Hartochdom Lúksemboarch|Lúksemboarch]] kaam ûnder it bewâld fan Boergonje. Yn it hjoeddeiske Frankryk kamen ek [[Arteesje (regio)|Arteesje]] en [[Pakardië]], parten fan Lotaringen, neist de âlde kearn fan Boergonje by it Boergonjeske gebiet. De hartoggen wienen no op it hichtepunt fan harren macht.
 
Under Filips syn soan Karel de Stoute waard de Boergonjeske macht sintralisearre yn de rike en ekonomysk wichtichste Lege Lannen, nei dat yn [[1430]] ek Brabân-Limboarch definityf by Boergonje kaam nei de dea fan [[Jan IV fan Brabân]]. De haadstêd fan it ryk waard nei [[Brussel]] ferpleatst. Karel besike syn besittingen noch fierder út te wreidzjen mei diplomatike en militêre aksjes. Dat ferrûn yn it begjin tige goed, mar yn [[1477]] kaam Karel om yn de [[Slach by Nancy]] tsjin Lotaringen en [[Switserlân]]. Frankryk makke gebrûk fan de sitewaasje om grutte parten fan it ryk, wêrûnder Boergonje sels, yn it besit te krijen.