Hoe't God Ferdwûn út Jorwert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L behalven útlânske wurden wol ik titels ek graach skean hâlde
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 33:
De [[melkmasine]] docht syn yntree, mei as gefolch dat de [[boere-arbeider]] gjin wurk mear hat. Boeren krije in [[molkkwotum]] taparte, en moatte har geandewei oan almar mear regeljouwing hâlde dy't har fan oerheidswegen oplein wurdt. Foar in protte fan harren kin dat net út, en sadwaande moatte guon ophâlde, wat de oerbliuwende [[feehâlderij]]bedriuwen helpt om hieltyd grutter te groeien.
 
Minsken fan bûten komme yn it doarp te wenjen ('ymport'), dy't de drokte fan 'e stêd ûntflechtsje en rêstiger wenje wolle. Dat binne lju dy't net groetsje, mar inoar op 'e [[wei|dyk]] stil foarbyrinne. Fierders komt de [[iepenbier ferfier|bus]] net mear by Jorwert del, de [[plysje]] ken de [[strjitte]]n net mear út 'e holle en de [[opfeart]] wurdt ôfdame. Yn [[1951]] stoart de [[tsjerketoer]] yn, en sa set de 'revolúsje' stadichoan troch. De [[slachter]] hâldt op, it [[postpostkantoar]]kantoar wurdt opheft en de [[smid]] kriget gjin wurk mear. Ek de [[winkelman]] moat ophâlde om't er de [[konkurrinsje]] mei de [[supermerk]]en yn 'e omlizzende gruttere plakken net mear oan kin. Wêr't earder alle Jorwerters by him kamen om [[boadskippen]], litte se har no inkeld nochris sjen as se wat by de supermerk fergetten binne.
 
De [[ferpyldering]] yn Nederlân, mei de ûnderskate [[politike]] en [[godstsjinst]]ige streamings, hawwe de Jorwerters net in soad mei te krijen. De pear [[roomsk-katolisisme|roomsen]] yn it doarp wurde net op har [[leauwe]] ôfrekkene. Wol kriget de stêd hieltyd mear ynfloed op 'e pleatslike [[jongerein]]. De [[bern (persoan)|bern]] wolle de [[bedriuw]]en fan harren [[âlden]] net mear oernimme; se wolle nei stêd. En troch de regels fan 'e oerheid wurdt it buorkjen de boeren almar swierder makke. De iene nei de oare hâldt op.
[[File:Jorwerd.JPG|thumb|right|250px|[[Jorwert]].]]
 
De doarpsbewenners fiele gjin [[mienskip]]ssinmienskipssin mear mei-inoar. Net allinnich troch de minsken dy't fan bûten ynkommen binne, mar ek troch it ûntbrekken oan ûnderling [[fertrouwen]]. Waard de [[foardoar]] earder ornaris iepenlitten, no moat de boel ticht om't der oars [[ynbraak|ynbrutsen]] wurdt, en moat men de [[fyts]]en op 't [[slot (ôfslutingsmeganisme)|slot]] sette tsjin 'e [[stellerij]]. Uteinlik komme de Jorwerters inkeld noch gear as der [[merke]] is en by it [[iepenloftspul]].
 
== Prizen ==