Adres: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
typfl
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
{{Oar|de oantsjutting fan lokaasje|adres (betsjuttingsside)}}
In '''adres''' is de oantsjutting fan in beskate lokaasje op 'e wrâld, yn 'e regel fan in [[hûs]], [[wente]], oar [[gebou]] of fasiliteit. It is bedoeld om it pân yn kwestje fine te kinnen, mar is gjin unike identifikaasje fan in [[kadaster|kadastraal perseel]]. De bekendste adresfoarmen binne it wenadres (of [[domisylje]]), dat oanjout wêr't in persoan wennet, it ferbliuwadres, dat oanjout wêr't in persoan ferbliuwt (mar net wennet), it fêstigingsadres, dat oanjout wêr't in [[bedriuw]] of [[ynstelling (organisaasje)|ynstellingg]] fêstige is, en it postadres, dat oanjout wêr't de [[post]] besoarge wurde moat. In minder bekende adresfoarm is it oanslutingsadres foar [[ierdgas|gas]], [[wetter]]lieding en/of [[elektrisiteit]] dat elts gebou yn prinsipe hat.
 
Adressen binne opboud út in [[strjitte|strjitnamme]] mei byhearrend [[hûsnûmer]], in [[postkoade]] en in [[plaknamme]]. De krekte folchoarder ferskilt per [[lân]]. Yn [[Nederlân]] is de folchoarder: 'strjitnamme+hûsnûmer–postkoade–plaknamme'. Yn 'e [[Ingelsk|Angelsaksyske lannen]] is de folchoarder lykwols 'hûsnûmer+strjitnamme–plaknamme–postkoade'. By postadressen is der yn 'e regel gjin strjitnamme of hûsnûmer, mar fungearje de [[postbus]] en it postbusnûmer as sadanich. Inkeld komt it tsjintwurdich noch foar dat in (lyts) [[doarp]] gjin strjitnammen hat, mar wol hûsnûmers. (Dat wie foarhinne by ferskate plakken yn [[Fryslân]] sa, bgl. yn [[Britswert]] oant yn 'e jierren njoggentich.) Yn sokke gefallen fungearret de plaknamme (ek) as strjitnamme.