Lûdsfilm: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[File:Heer_Hamburger_spreekt_over_geluidsjournaal_Polygoon_Opdrachtfilm_-_Open_Beelden_-_42786.ogv|right|thumb|250px|[[Polygoonsjoernaal]], 1931. [[David Hamburger|David Hamburger jr.]], [[foarsitter]] fan 'e ''Nederlandse Bioscoopbond'', oer it lûdsfilmsjoenaal dat it yn 't plak fan it [[stomme film|stomme]] ''Hollands Nieuws'' komme soe.]]
In '''lûdsfilm''' is in [[film]] mei [[syngronisaasje|syngronisearre]] [[klank|lûd]], of mei lûd dat nei it meitsjen fan 'e [[byld]]opnames [[technology]]sk oan 'e film fêstmakke is. It is it tsjinstelde fan in [[stomme film]], dêr't gjin lûd by sit. De ierst bekende fertoaning fan in lûdsfilm fûn al yn [[1900]] plak yn [[Parys]], mar der giene [[desennia]] oerhinne ear't de [[technology]] safier wie dat it foar [[filmstudio's]] ek [[kommersje]]el útkoe om lûdsfilms te meitsjen. It wie dreech om in betroubere syngronisaasje te berikken mei de iere [[lûd-op-plaat]]systemen, en de kwaliteit fan 'e lûdsopname en de fersterking wiene yn 't earstoan ek net goed genôch. Dat waard allegear feroare troch technologyske [[ynnovaasje]]s, sadat it njonkelytsen mooglik waard om lûd fan in goede kwaliteit oan byld te keppeljen foar in [[priis (kosten)|priis]] dy't leech genôch wie om noch [[winst]] te meitsjen. Dat waard foar it earst mei [[koarte film]]s dien yn [[1923]].
 
De wichtichste stappen op it mêd fan 'e kommersjalisaasje fan 'e lûdssinema waarden yn 'e midden en twadde helte fan 'e [[1920-er jierren]] set. Wat koarter de film, wat ienfâldiger oft it wie om lûd oan byld te keppeljen, dat oarspronklik waarden inkeld koarte films as lûdsfilms útbrocht. Sokke lûdsfilms waarden doedestiden fan 'e stomme film (dy't doe de noarm wie) ûnderskaat troch se ''talking pictures'' of ''talkies'' te neamen. De ierste [[langspylfilm]]s mei lûd hiene gjin [[dialooch]], mar inkeld [[filmmuzyk]] en [[lûdseffekten]]. De earste langspylfilm mei lûd dy't ek dialooch omfette, wie ''[[The Jazz Singer]]'', út [[1927]], dy't makke wie mei [[Vitaphone]], doe it toanoanjaande [[merknamme|merk]] fan lûd-op-plaattechnology. Dy film waard in grut súkses, mar doe't de lûdsfilm yn 'e jierren dêrnei de stomme film hast folslein ferkrong, ûntjoech lûd-op-filmtechnology him ta de standertwize om lûd en byld te keppeljen.