Ferskil tusken ferzjes fan "Montaazje (film)"

bs
(nije side)
 
(bs)
Lebel: Al weromset
Wêr't it by montaazje fan film- en tillefyzjebylden eins om giet, is it gearstallen fan it rouwe byldmateriaal ta in gearhingjende opienfolging fan bylden, dêr't de sjoggers út folgje kinne wat der bart. Dêr komt mear by te sjen as simpelwei it begjin en de ein fan in shot of sêne derôf te snijen en de shots en sênes oaninoar te plakken. Faak wurdt ien shot troch ferskate [[kamera's]] út ferskillende hoeken wei opnommen; de filmeditor moat dan letter bepale hokker bylden brûkt wurde. Dêrby moat rekken holden wurde mei de beskikbere bylden, de [[plot]], [[dialooch]] en romte tusken dialooch, [[filmmuzyk]], en de [[gesichtsútdrukking]]s, [[gebearte]]n en oar [[hâlden en dragen]] fan 'e [[akteur]]s. Op dy wize werferbyldt de filmeditor it ferhaal. By it meitsjen fan in film spilet de filmeditor sadwaande in dynamyske rol, en wurket hy of sy nau gear mei de [[regisseur]]. Oan 'e oare kant komt it ek foar dat regisseurs sels de montaazje fan harren films dogge, lykas [[Akira Kurosawa]] of de [[Bruorren Coen]] wol dien hawwe.
 
Troch de opkomst fan [[digitale media|digitale montaazje]] binne filmeditors en harren assistinten ferantwurdlik wurden foar in soad dingen op it mêd fan it meitsjen fan films dy't foarhinne troch oaren dien waarden. Foarhinne hold in filmeditor him inkeld dwaande mei bylden, wylst [[klank|lûd]], [[filmmuzyk]] en [[special effects]] it wurkmêd wiene fan 'e [[lûdstechnikus]] en de [[special effects editor]]. Trochdat hast alles no digitaal giet, is it tafoegjen fan sokke saken hieltyd mear de ferantwurdlikheid fan 'e filmeditor wurden. Dêrby is it trouwens hiel gewoan, fral by films mei in lytser [[budget]], dat de filmeditor tydlike, fluch-fluch makke lûdseffekten, muzyk en special effects tafoeget, dy't nei ôfrûning fan it montaazjeproses troch ekspêrs op dy terreinen ferfongen wurden troch de echte lûdseffekten, filmmuzyk en special effects.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
14.188

bewurkings