Telefyzjestudio: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Lebel: Al weromset
Rigel 6:
*It [[dekôr]], dat bestean kin út in fêste of in tydlike (ferwikselbere) opstelling. In fêste opstelling bliuwt stean salang't de produksje fan in telefyzjeprogramma duorret. Dat kin fariëarje fan in pear [[dagen]] oant [[moanne (tiid)|moannen]] lang. In tydlik dekôr wurdt daliks nei in opname wer ôfbrutsen om romte te meitsjen foar in oar dekôr. Mocht it letter nochris nedich wêze, dan kin it wer opboud wurde.
*De [[kamera|telefyzjekamera's]], dy't opnimme wat der yn 'e studio bart. De bylden wurde ferstjoerd nei de kontrôlekeamer, dy't him ornaris yn itselde gebou befynt. Dêr wurdt troch de [[regisseur]] besletten fan hokker kamera de opnamen op dat stuit yn byld brocht wurde. Dat is by live-útstjoerings fan grut belang. By opnamen fan programma's dy't net live binne, kin letter by de [[montaazje (film)|montaazje]] besletten wurde hokker bylden brûkt wurde.
*[[Mikrofoan]]en dy't soargje foar de [[klank|lûd]]stransmisje.
*[[Lampe|Studioferljochting]], dy't net inkeld soarget foar in sichtbere studio, mar ek foar de juste sfear.
*In [[PA (lûdssysteem)|public adress-systeem]] foar de werjefte fan it lûd yn 'e studio.