Ferskil tusken ferzjes fan "Gysbert Japiks"

2.631 bytes grutter ,  1 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
[[Ofbyld:Gysbert Japix portrait by Matthijs Harings.tif|thumb||Gysbert Japiks (1937), skildere troch [[Matthijs Harings]].]]
'''Gysbert Japiks''' ([[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[1603]] - dêre, [[1666]]) wie in [[Fryslân|Frysk]] [[skriuwer]], [[dichter]], [[taalkundige|taalgelearde]], [[skoalmaster]] en [[foarsjonger]]. Hy is ferneamd wurden troch syn [[dichtwurk]]. Hyen ûntwikkele nei it ferfal fan de [[Aldfrysk]]e [[taal]]tradysje in [[Midfrysk|nije Fryske kultuertaal]]., Dêryndêryn skoep er sawol [[proaza]] as [[poëzij]]. Syn [[fersen]] skreau er – lykas yn dy perioade gebrûklik – foaral om sjonge te kinnen. By syn libben waard de ''Fryske tsjerne'' útjûn, twa jier nei syn dea ferskynt syn samle wurk yn de ''Fryske Rymlerye''.
 
== Namme ==
De famyljenamme fan Gysbert Japiks wie Hol(c)kema. Gysbert brûkte syn famyljenamme net sa faak, oaren nei him likemin. It gefolch is dat it patronymikum (famyljenamme wurdt ôflaat fan de namme fan de heit) Japiks meastentiids as famyljenamme brûkt wurdt. Dêrtroch binne der yn ‘e rin fan de skiednis trije gongbere farianten ûntstien. De skriuwwize ‘Japicx’ komt fan de ûndertekening dy’t Gysbert brûkte yn de brieven oan syn freon [[Simon Abbes Gabbema|Symen Abbes Gabbema]]. Dy brieven binne opnommen yn de Rymlerye-edysjes fan 1681 en 1684. Om’t de ‘x’ neffens de [[Fryske stavering|Fryske staveringsregels]] net of amper brûkt wurdt (ek net by nammen), is de skriuwwize ‘Japiks’ ûntstien. Dy skriuwwize is ek brûkt op it titelblêd fan de ''Friesche Rymlerye''.
De namme fan 'Gysbert Japiks' wurdt op ferskate wizen skreaun. Benammen it patronymikum hat in soad ferskiningsfoarmen. Njonken ''Japiks'' komme ek ''Japicx'' en ''Japix'' foar. De namme ''Jakobs'' wurdt ek wol brûkt. Gysbert syn achternamme wie Holckema, mar dy waard net brûkt. By de foarnamme giet it om de Nederlânske foarm ''Gijsbert'' en de Fryske namme ''Gysbert''.
 
Oant 1989 wienen de farianten ‘Jacobs’ en ‘Japiks’ gongber, mar nei’t Philippus Breuker mei de publikaasje fan syn proefskrift de tredde fariant wer ynfierde, waard oan ‘Japicx’ opnij de foarkar jûn. Foar de ‘Gysbert Japicxpriis’ hat de provinsje Fryslân konsekwint de –cx skriuwwize brûkt. Deselde offisjele skriuwwize is ek oernommen troch it Gysbert Japicxhûs.<ref>Webside [[Gysbert Japicxhûs]]: [https://www.gysbertjapicx.frl/gysbert-japicx/skriuwwize-skaainamme/ Skriuwwize famyljenamme] (lêst sjoen op 8 okt. 2020)</ref>
 
== Libben ==
[[Ofbyld:20140503 Wipstraat 6 (Gysbert Japicxhûs) Bolsward Fr NL.jpg|thumb|left|180px|It hjoeddeistige museum ''Gysbert Japicxhûs'' wie it bertehûs fan Gysbert Japiks.]]
Gysbert Japicx waard berne yn 1603 oan de Wipstrjitte yn [[Boalsert]] as soan fan Ancke Willems en Jacob Gysberts. Syn âlden trouden yn 1602 en Gysbert is nei alle gedachten de âldste fan de fiif bern dy't se krigen. De famylje makke diel út fan de foarname Boalserter boargerij.
Gysbert Japiks kaam út de foarname Boalserter boargerij as soan fan Jacob Gysberts. Syn heit wie kistemakker, diaken, belestinggarder en letter boargemaster fan de stêd. Doe't tusken 1614 en 1616 it ferneamde [[stedhûs fan Boalsert]] boud waard, wie Jacob Gysberts de ûntwerper en útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal. Nei de legere skoalle folge de jonge Gysbert de [[Latynske skoalle]] en learde ta skoalmaster. As sadanich waard er yn 1625 te Wytmarsum beneamd, yn 1637 begûn er as skoalmaster yn syn berteplak Boalsert.<ref name="Biografy Gysbert Japiks">[http://www.sirkwy.nl/titel/91 Webside www.sirkwy.nl: biografy Gysbert Japiks]</ref> Japiks troud yn 1636 mei de Ljouwerter notarisdochter Sijke Salves Nicolai.
 
Doe’t tusken 1614 en 1616 it ferneamde [[stedhûs fan Boalsert]] boud waard, wie Jacob Gysberts de ûntwerper en útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal. Ferneamder is er lykwols om syn wurk yn de polityk en tsjerke fan Boalsert. Hy hat alle tsjerklike funksjes hân dy’t der foar oaren as dûmnys wienen, lykas diaken en âlderling. Yn de tritiger jierren kaam er yn it stedsbestjoer en waard yn 1640 foar twa jier [[boargemaster]] fan [[Boalsert]].
 
Nei de legere skoalle folge de jonge Gysbert de [[Latynske skoalle]] en learde ta skoalmaster. Nei syn stúdzje kaam er ynearsten by syn heit op kantoar, mar yn 1625 waard er beneamd as master yn [[Wytmarsum]], dêr’t er tsien jier bleau. Dêrnei hat er nei alle gedachten koart yn Bitgum oan it wurk west, om fan 1637 oant syn dea as stedsskoalmaster en -foarsjonger yn Boalsert te wurkjen.<ref name="Biografy Gysbert Japiks">[https://www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/39-j/328-gysbert-japix Webside www.sirkwy.nl: biografy Gysbert Japiks]</ref> Japiks troud yn 1636 mei de Ljouwerter notarisdochter Sijke Salves Nicolai.
 
Yn 1640 ferskynde syn earste wurk, de ''Friesche Tjerne''. Yn de jierren nei de Friesche Tjerne gie er troch mei it skriuwen fan poëzij en proaza, leafdespoëzij, gelegenheidsdichten en ek in soad psalmberimings. Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk. De begjinsels dêrfan binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste iuw noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.<ref>[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29/ Gysbert Japiks yn de Kanon fan de Fryske Skiednis]</ref>
 
== Wurk ==
[[Ofbyld:Friesche Rymlerye 1668.JPG|thumb|170px|Friesche Rymlerye (1668)]]
Japiks libbe yn in tiid fan oergong fan de [[renêssânse]] nei de [[barok (stylperioade)|barok]]. Beide stilen krigen har beslach yn it wurk fan Japiks.<ref name="Biografy Gysbert Japiks">[httphttps://www.sirkwy.nlfrl/titelindex.php/skriuwers-biografyen/39-j/91328-gysbert-japix Webside www.sirkwy.nl: biografy Gysbert Japiks]</ref><ref>[http://www.tseadbruinja.nl/engels/frisian.htm Webside fan dichter Tsead Bruinja oer de skiednis fan de Fryske letteren]</ref>
 
Yn it jier 1640 waard de ''Friessche Tjerne'', in brulloftfers, printe. It wie it iennichste boekwurk dat by syn libben ferskynd is. Nei syn dea waard al syn wurk, ynklusyf de Fryske Tjerne, sammele yn de ''Friesche Rymlerye''. Dat boek ferskynde yn 1668, twa jier nei de dea fan Gysbert Japiks.
 
De Fryske Rymlerye bestietwaard útnei de moade fan de 17e iuw yn trije skiften ferdield:
*In lirysk part: "Ljeafd in bortlycke mingel-deuntsjes" (Leafdeleafde en boartlike mingeldeuntsjes)
*In didaktysk part: "gemieneGemiene of huwzmanne petear" (Gemienegemiene of hûsmanne petear)
*In religieus part: "hymmelschHymmelsch harp-luwd" (Himelskhimelsk harplûd)
 
De ferdieling fan syn boek beslacht in lyrysk, didaktysk en religieus part. Dat is in ferdieling sa't dy yn de 17e iuw wol faker makke waard.
 
Gysbert Japiks wie ek foarsjonger yn de [[Martinytsjerke (Boalsert)|Martinytsjerke]] fan Boalsert. Yn it lêste part fan de Friesche Rymlerye binne de mear as fyftich Fryske psalmeberimings fan Gysbert Japix gearbrocht, dêr 't de Boalserter dichter paadsljochtsjend wurk mei dien hat foar it brûken fan it Frysk as tsjerketaal.
*De tekst út de rjochterrige is yn de moderne stavering skreaun.<ref>De tekst yn de moderne stavering komt út it ''[[Frysk Lieteboek]]'', Afûk, Ljouwert, 2000 (s. 42)</ref>
 
== BetsjuttingYnfloed ==
[[Ofbyld:Boalsert - tinkstien Gysbert Japicx.jpg|thumb|left|170pxthumb|180px|Tinkstien ynmitsele yn de Gysbert Japiksbrêge yn Boalsert.]]
Gysbert Japicx moat al by syn libben nasjonaal en ynternasjonaal bekend west hawwe. Hy stie yn kontakt mei Hollânske en Ingelske skriuwers en gelearden. De Ingelse gelearde Franciscus Junius hat in skoft yn [[Boalsert]] wenne om fan Gysbert Japicx it [[Frysk]] te learen. De bysûndere betsjutting fan Japicx’ wurk leit yn it feit, dat hy foar it earst sûnt it ferdwinen fan it Frysk as rjochts- en bestjoerstaal, om 1580 hinne, de taal wer foar serieus wurk brûkt. Syn skriuwerij slút kwa styl oan by dy fan 17de iuwske renêssânse skriuwers.
[[Ofbyld:Stanbyld GysbertJapiks byMartinytsjerkeBoalsert.JPG|thumb|180px|Stânbyld fan Gysbert Japiks neist de [[Martinytsjerke (Boalsert)|Martinytsjerke fan Boalsert]].]]
Gysbert Japiks hat yn de Fryske literatuer gâns betsjutting krigen omdat er op in heech nivo dichtwurken makke, yn in tiid dat it Frysk net folle skreaun waard. Gysbert Japiks moat al by syn libben nasjonale en ynternasjonale bekendheid hân hawwe. Gysbert Japiks waard opnommen yn de [[Kanon fan de Fryske skiednis]] en sûnt 1947 wurdt troch Deputearre Steaten fan Fryslân de [[Gysbert Japicxpriis]] takend.
De hearskjende opfetting yn de literêre wittenskip is dat Japicx dêrmei it Frysk wer in plak tusken de Europeeske kultuertalen besoargje woe. Oft Gysbert Japicx ek de maatskiplike emansipaasje fan it Frysk beynfloedzje woe, wurdt lykwols net dúdlik út syn wurk. De taal en stavering fan Japicx syn wurk foarmen de basis fan de hjoeddeistige Fryske skriuwtaal, sa’t dy him yn de 19de en 20ste iuw ûntjûn hat.<ref>Webside [[Gysbert Japicxhûs]]: [https://www.gysbertjapicx.frl/gysbert-japicx/ynfloed/ Ynfloed Gysbert Japicx] (lêst sjoen op 8 okt. 2020)</ref> Gysbert Japiks waard opnommen yn de [[Kanon fan de Fryske skiednis]] en sûnt 1947 wurdt troch Deputearre Steaten fan Fryslân de [[Gysbert Japicxpriis]] takend.
 
Mei troch [[Everwinus Wassenbergh]] fan de Frjentsjerter universiteit kaam der om 1800 hinne mear omtinken foar it wurk fan Japiks. It Gysbert Japiksfeest dat yn 1823 yn Boalsert holden waard kin sjoen wurde as it begjin fan de [[Romantyk]] yn de Fryske literatuerskiednis.<ref>[http://members.home.nl/ja.goris/fries.htm ''Neerlands Tweede Rijkstaal: het Fries] fan Drs. José Goris</ref> Nei twa wurken oer Gysbert Japiks dy't troch [[Joast Hiddes Halbertsma]] skreaun waarden yn de tweintiger jierren fan de 19e iuw groeid sawol de taalkundige as literêre ynteresse. Yn de 20e iuw waard it wurk fan Gysbert Japiks foar fiif ferskillende (taalkundige) proefskriften brûkt.<ref>Webside [[Tresoar]]: [http://www.tresoar.nl/mmtresoar/main/content_pagina_volledig_teaser_rechts.jsp?lang=fr&pagina=7778 De proefskriften/dissertaasjes binne ôfkoarte as diss.]</ref>
 
It jier 2003, fjouwerhûndert jier nei de bertedei fan Gysbert Japiks, waard troch de provinsje útroppen ta Gysbert Japiksjier. Yn it jier 2003 is syn wurk op 'e nij útjûn. Dizze kear oerset yn it hjoeddeistich Frysk en it Nederlânsk. De titel wie ''"Gysbert Japix, een keuze uit zijn werk"''. Yn it ramt fan it Gysbert Japiksjier ferskynde ek de ''Gysbert Japiks trilogy''. De trilogy is in bondeling fan trije romans oer Gysbert Japiks, dy't skriuwer [[Pieter Terpstra]] by syn libben skreaun hat.
 
Troch de provinsje Fryslân hinne hawwe suver alle (gruttere) plakken in Gysbert Japiksstrjitte (ek skreaun as Gysbert Japicxstrjitte).<ref>* {{aut|Noordhoff Atlasproducties}} (2009). ''De Bosatlas van Fryslân'' - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 182 ISBN 9789001779047</ref> Yn Wytmarsum stiet in boarstbyld fan Gysbert Japiks. By de Martinytsjerke yn Boalsert is in stânbyld op sokkel delset, dat yn 1966 troch keninginne Juliana ûntbleate waard.<ref>[http://www.youtube.com/watch?v=YD6_FgPwJI4 YouTube: Gysbert Japicxbeeld onthulling]</ref> Yn Boalsert is in brêge nei him neamd, de Gysbert Japiksbrêge, dêr't in tinkstien ynmitsele wurden is. By [[Tresoar]] is der in Gysbert Japicxseal. Yn it bertehûs fan Gysbert Japicx oan de Wipstrjitte 6 yn Boalsert sit sûnt 1997 it Gysbert Japiks Museum (mei [[tekstwinkel]]).
 
== Bibliografy ==