Gregoarius VII (paus): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L ynfoboks wat mear ynfolle
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Link gelijk aan linktext
Rigel 67:
De paus wie fan doel om oer de Alpen te reizgjen en diel te nimmen oan it oerlis oer de tsjinstanner fan Hindrik. Mar om syn troan te redden wie it Hindrik, dy't de paus yn 'e mjitte kaam om boete te dwaan. Dy reis waard bekend as de "gong nei Canossa", de reis fan Hindrik nei it kastiel Canossa yn Noard-Itaalje. De keizer reizge yn ienfâldige klean op bleate fuotten om de paus op it kastiel Canossa deemoedich om ferjouwing te freegjen. Nei't er trije dagen om de muorren fan it kastiel rûn hie, fûn de paus it moai west. Op 28 jannewaris 1077 ferwolkomme de tsjerkefoarst de keizer werom yn de skoat fan de Tsjerke mei it opheffen fan de ban.
[[File:Geschichte der zwei Reiche.jpg|thumb|260px|<center>''Kronyk fan Otto von Freising (12e iuw): Hindrik en Klemens ferdriuwe Gregoarius mei geweld út Rome; dêrûnder de dea fan Gregoarius''</center>]]
Mar Hindrik hold him net oan de ôfspraken en op 'e nij bemuoide de keizer him mei tsjerklike saken. Yn 1077 keazen de Roomsk-Dútske foarsten [[Rudolf fan Rheinfelden|Rudolf fan Rheinfelden]] ta keizer. Hindrik IV easke no fan de paus fuortendaliks in ban op Rudolf en sa net, dan soe Hindrik as wraak in [[tsjinpaus]] beneame. Gregoarius twifele, hold beide opsjes iepen en pas yn maart 1080 naam Gregoarius is iepenlik foar Rudolf op. Dat betsjutte in definitive breuk tusken de paus en Hindrik. De oarloch tusken Hindrik en Rudolf liede ta de [[Slach by Hohenmölsen]], dêr't Hindrik ferslein waard. Rudolf rekke by de slach lykwols ferwûne oan de rjochter hân, dy't er brûkt hie by de eedôflizzing, en ferstoar wat letter oan syn ferwûnings. Mei de dea fan Rudolf briek ek de wjerstân tsjin Hindrik en no 't Hindrik de macht yn it ryk wer yn hannen hie, reizge Hindrik IV op 'e nij nei Itaalje en liet yn Brixen aartsbiskop Wibertus fan Ravenna as [[tsjinpaus Klemens III]] beneame. Dêrmei ûnstie in [[skisma]], dy't oant nei de dea fan Wibertus yn it jier 1100 duorje soe.
[[File:Salerno PopeGregoriousVIITomb.JPG|thumb|250px|left|<center>''Tombe fan paus Gregoarius VII yn Salerno''</center>]]
Wylst keizer Hindrik en de nije paus tegearre yn it pauslik paleis residearren, hold Gregoarius him skûl yn de Castel Sant'Angelo. Gregoarius krige stipe fan de [[Normandjers]] út Súd-Itaalje, dy't Rome binnenfoelen. Mar hja befrijden net allinne de paus mar plonderen ek yn 'e selde reis de stêd. De Romeinske befolking ferdreau dêrnei paus Gregoarius; hy ferliet mei lyts gefolch de stêd en loek him yn Salerno werom.