Ferskil tusken ferzjes fan "Gysbert Japiks"

443 bytes grutter ,  11 moannen lyn
gjin bewurkingsgearfetting
 
Doe’t tusken 1614 en 1616 it ferneamde [[stedhûs fan Boalsert]] boud waard, wie Jacob Gysberts de ûntwerper en útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal. Ferneamder is er lykwols om syn wurk yn de polityk en tsjerke fan Boalsert. Hy hat alle tsjerklike funksjes hân dy’t der foar oaren as dûmnys wienen, lykas diaken en âlderling. Yn de tritiger jierren kaam er yn it stedsbestjoer en waard yn 1640 foar twa jier [[boargemaster]] fan [[Boalsert]].
[[Ofbyld:Martinikerk Bolsward.jpg|thumb|left|De [[Martinytsjerke (Boalsert)|Martinytsjerke]] dêr't Japiks foarsjonger wie.]]
 
Nei de legere skoalle folge de jonge Gysbert de [[Latynske skoalle]] en learde ta skoalmaster. Nei syn stúdzje kaam er ynearsten by syn heit op kantoar, mar yn 1625 waard er beneamd as master yn [[Wytmarsum]], dêr’t er tsien jier bleau. Dêrnei hat er nei alle gedachten koart yn Bitgum oan it wurk west, om fan 1637 oant syn dea as stedsskoalmaster en -foarsjonger yn Boalsert te wurkjen.<ref name="Biografy Gysbert Japiks">[https://www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/39-j/328-gysbert-japix Webside www.sirkwy.nl: biografy Gysbert Japiks]</ref> Japiks troud yn 1636 mei de Ljouwerter notarisdochter Sijke Salves Nicolai.
 
 
== Ynfloed ==
[[Ofbyld:BoalsertStanbyld - tinkstien GysbertGysbertJapiks JapicxbyMartinytsjerkeBoalsert.jpg|leftJPG|thumb|180pxleft|TinkstienStânbyld ynmitselefan ynGysbert Japiks neist de Gysbert[[Martinytsjerke Japiksbrêge(Boalsert)|Martinytsjerke ynfan Boalsert]].]]
Gysbert Japicx moat al by syn libben nasjonaal en ynternasjonaal bekend west hawwe. Hy stie yn kontakt mei Hollânske en Ingelske skriuwers en gelearden. De Ingelske gelearde fan Dútske komôf [[Franciscus Junius]] hat yn 1646 in skoft yn [[Boalsert]] wenne om fan Gysbert Japicx it [[Frysk]] te learen. De bysûndere betsjutting fan Japicx’ wurk leit yn it feit, dat hy foar it earst sûnt it ferdwinen fan it Frysk as rjochts- en bestjoerstaal, om 1580 hinne, de taal wer foar serieus wurk brûkt. Syn skriuwerij slút kwa styl oan by dy fan 17de iuwske renêssânse skriuwers.
[[Ofbyld:Stanbyld GysbertJapiks byMartinytsjerkeBoalsert.JPG|thumb|Stânbyld fan Gysbert Japiks neist de [[Martinytsjerke (Boalsert)|Martinytsjerke fan Boalsert]].]]
De hearskjende opfetting yn de literêre wittenskip is dat Japicx dêrmei it Frysk wer in plak tusken de Europeeske kultuertalen besoargje woe. Oft Gysbert Japicx ek de maatskiplike emansipaasje fan it Frysk beynfloedzje woe, wurdt lykwols net dúdlik út syn wurk. De taal en stavering fan Japicx syn wurk foarmen de basis fan de hjoeddeistige Fryske skriuwtaal, sa’t dy him yn de 19de en 20ste iuw ûntjûn hat.<ref>Webside [[Gysbert Japicxhûs]]: [https://www.gysbertjapicx.frl/gysbert-japicx/ynfloed/ Ynfloed Gysbert Japicx] (lêst sjoen op 8 okt. 2020)</ref> Gysbert Japiks waard opnommen yn de [[Kanon fan de Fryske skiednis]] en sûnt 1947 wurdt troch Deputearre Steaten fan Fryslân de [[Gysbert Japicxpriis]] takend.
 
De hearskjende opfetting yn de literêre wittenskip is dat Japicx dêrmei it Frysk wer in plak tusken de Europeeske kultuertalen besoargje woe. Oft Gysbert Japicx ek de maatskiplike emansipaasje fan it Frysk beynfloedzje woe, wurdt lykwols net dúdlik út syn wurk. De taal en stavering fan Japicx syn wurk foarmen de basis fan de hjoeddeistige Fryske skriuwtaal, sa’t dy him yn de 19de en 20ste iuw ûntjûn hat.<ref>Webside [[Gysbert Japicxhûs]]: [https://www.gysbertjapicx.frl/gysbert-japicx/ynfloed/ Ynfloed Gysbert Japicx] (lêst sjoen op 8 okt. 2020)</ref> Gysbert Japiks waard opnommen yn de [[Kanon fan de Fryske skiednis]] en sûnt 1947 wurdt troch Deputearre Steaten fan Fryslân de [[Gysbert Japicxpriis]] takend.
{|style="float: right; margin: 10px; border: 1px #CCCCCC solid; background:#F9F9F9"
|-
| align="center" | [[Ofbyld:Boalsert - tinkstien Gysbert Japicx.jpg|300x220px|Boalsert]]
| align="center" | [[Ofbyld:Gysbert Japicx (Witmarsum).jpg|300x220px|Wytmarsum]]
|-
| colspan="2" align="center" | <small>Links: Ynmitsele stien, Gysbert Japiksbrêge, Boalsert.<br>Rjochts: Boarstbyld yn Wytmarsum.</small>
|}
Mei troch [[Everwinus Wassenbergh]] fan de Frjentsjerter universiteit kaam der om 1800 hinne mear omtinken foar it wurk fan Japiks. It Gysbert Japiksfeest dat yn 1823 yn Boalsert holden waard kin sjoen wurde as it begjin fan de [[Romantyk]] yn de Fryske literatuerskiednis.<ref>[http://members.home.nl/ja.goris/fries.htm ''Neerlands Tweede Rijkstaal: het Fries] fan Drs. José Goris</ref> Nei twa wurken oer Gysbert Japiks dy't troch [[Joast Hiddes Halbertsma]] skreaun waarden yn de tweintiger jierren fan de 19e iuw groeid sawol de taalkundige as literêre ynteresse. Yn de 20e iuw waard it wurk fan Gysbert Japiks foar fiif ferskillende (taalkundige) proefskriften brûkt.<ref>Webside [[Tresoar]]: [http://www.tresoar.nl/mmtresoar/main/content_pagina_volledig_teaser_rechts.jsp?lang=fr&pagina=7778 De proefskriften/dissertaasjes binne ôfkoarte as diss.]</ref>
 
It jier 2003, fjouwerhûndert jier nei de bertedei fan Gysbert Japiks, waard troch de provinsje útroppen ta Gysbert Japiksjier. Yn it jier 2003 is syn wurk op 'e nij útjûn. Dizze kear oerset yn it hjoeddeistich Frysk en it Nederlânsk. De titel wie ''"Gysbert Japix, een keuze uit zijn werk"''. Yn it ramt fan it Gysbert Japiksjier ferskynde ek de ''Gysbert Japiks trilogy''. De trilogy is in bondeling fan trije romans oer Gysbert Japiks, dy't skriuwer [[Pieter Terpstra]] by syn libben skreaun hat.
 
Troch de provinsje Fryslân hinne hawwe suver alle (gruttere) plakken in Gysbert Japiksstrjitte (ek skreaun as Gysbert Japicxstrjitte).<ref>* {{aut|Noordhoff Atlasproducties}} (2009). ''De Bosatlas van Fryslân'' - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 182 ISBN 9789001779047</ref> Yn Wytmarsum stiet in boarstbyld fan Gysbert Japiks, makke troch [[Jentsje Popma]]. By de Martinytsjerke yn Boalsert is in stânbyld op sokkel delset, dat yn 1966 troch keninginne Juliana ûntbleate waard.<ref>[http://www.youtube.com/watch?v=YD6_FgPwJI4 YouTube: Gysbert Japicxbeeld onthulling]</ref> Yn Boalsert is in brêge nei him neamd, de Gysbert Japiksbrêge, dêr't in tinkstien ynmitsele wurden is. By [[Tresoar]] is der in Gysbert Japicxseal. Yn it bertehûs fan Gysbert Japicx oan de Wipstrjitte 6 yn Boalsert sit sûnt 1997 it museum [[Gysbert Japiks MuseumJapicxhûs]] (mei [[tekstwinkel]]).
 
== Bibliografy ==