Ferskil tusken ferzjes fan "Gysbert Japiks"

14 bytes lytser ,  8 moannen lyn
Japiks libbe op ‘e grins fan twa tiidrekken, Renêsssânse en Barok. Beide stilen krigen har beslach yn it wurk fan Japiks.<ref>[http://www.tseadbruinja.nl/engels/frisian.htm Webside fan dichter Tsead Bruinja oer de skiednis fan de Fryske letteren]</ref> Fierwei it grutste part fan it wurk bestiet út oersettingen (fan proazateksten), berimingen (fan psalmen) en bewurkingen. As [[renêssânse|renêssânseskriuwer]] lit Japiks yn syn jonge teksten in wiidweidige skildering sjen fan de Fryske werklikheid, faak mei ferskynsels as oerdiedige alliteraasje en gearkeppeling. Under ynfloed fan de [[barok (stylperioade)|barok]] waard it taalgebrûk fan Gysbert Japix letter drokker en keunstmjittiger en syn wurk dêrtroch minder tagonklik.<ref name="Biografy Gysbert Japiks">[https://www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/39-j/328-gysbert-japix Webside www.sirkwy.nl: biografy Gysbert Japiks]</ref>
 
It Frysktalige debút fan Gysbert wie it earder neamdede ''Friessche Tjerne'' (1640). It brulloftsfers ''Friessche Tjerne'' is it iennichste boek dat by syn libben printe waard. Twa jier nei syn dea waard syn sammele wurk útjûn as de ''Friesche Rymlerye''. Yn syn eigen iuw waard it werprinte yn 1681 (troch [[Simon Abbes Gabbema|Symen Abbes Gabbema]]) en 1684. Sa't yn dy tiid wizânsje wie, wie de ‘rymlerye’ yn trije sjenres (lirysk, didaktysk, religieus) ferdield: ‘ljeafd in bortlycke mingel-deuntjes’ (leafdespoëzij, ynklusyf de ''Friessche Tjerne''), ‘gemiene æf huwzmanne petear’ (moralistyske twaspraken) en it ‘hymmelsch harp-luwd’ (religieuze poëzij, wêrûnder psalmoersettings), sa’t op it titelblêd fan de Rymlerye oanjûn stiet.
 
Japiks syn libben en wurk wurdt ek tekene troch in grut godsbesef. Fan 1937 ôf wurke hy as skoalmaster yn Boalsert en wie foarsjonger yn de [[Martinytsjerke (Boalsert)|Martinytsjerke]]. Yn it tredde part fan de Fryske rymlerye steane mear as fyftich psalmberimings. Dêrmei is syn wurk ek fan grut belang foar it Frysk as tsjerketaal.